NIJS   02-11-2016


Fragen oer oanpak ûnfeilige N354 Tsienzerbuorren

Tydlike maatregels mei flitspeal

"N354 earder oanpakke as 2018, sa't no de plenning is" (Klaas Fokkinga)

De fraksje fan de FNP stelt de oanpak fan de N354 by Tsienzerbuorren oan de oarder yn de Steatekommisje. De dyk moat earder oanpakt wurdt as 2018, sa't no de plenning is, seit de fraksje. Oanlieding binne de resinte ûngelokken en hast-ûngelokken dy't der op dit plak hieltyd wer barre. De FNP stipet de omwenners yn harren noed.

  

Doarpsbelang en omwenjenden hawwe harren nocht fan de oanhâldend ûnfeilige situaasje en de (hast-) ûngelokken. FNP wurdfierder Klaas Fokkinga jout de minsken gelyk. Hy wol fan de deputearre witte oft hja ree is om de plende oanpak fan 2018 nei foaren te heljen. Ek wol hy krekt as de bewenners tydlike maatregels. Lykas in flitspeal dy't yn it ferline wol holpen hat om de snelheid op dit bochtige stik fan de N354 werom te bringen.

 

De FNP trunet ek oan op goede kommunikaasje mei de omwenjenden. Fokkinga: ‘Der is noch mar frij koart lyn yn goed oerlis mei alle belanghawwenden in breed droegen oplossing keazen. It gefoel fan ûnfeiligens bliuwt lykwols salang't der hieltyd wer ûngelokken barre. De provinsje soe dêrom hiel goed harkjen bliuwe moatte nei de minsken. De tydlike maatregels dy't doarpsbelang no foarstelt moatte neffens ús gjin probleem wêze.'

 



Tags: Ferfier yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer