Fragen Sybren Posthumus , wurdfierder Ekonomy en Finânsjes
De Steatefraksje fan de FNP wol dat de ôfspraken oer de kosten fan it Samenwerkingverband Noord-Nederland (SNN) en wat al as net dien wurdt, neikommen wurde. Dat stelt de FNP nei oanlieding fan in oantal dokuminten dêr't út bliken docht dat SNN noch mear mienskipsjild fan de dielnimmende oerheden lykas Fryslân wol. It giet dan om it International Welcome Center North (IWCN), in gearwurking mei it Russyske Leningrad Oblast en foar de eigen organisaasje. Dat is neffens de FNP yn striid mei de ôfspraken.
Foar it IWCN wie de ôfspraak makke dat der allinnich in bekostiging plakfine soe foar 3 jier, tusken 2014 en 2016. Dy subsydzje yn de oanrinfase soe foldwaande wêze moatte en der is yn in gearkomste fan SNN op 24 juny 2014 eksplisyt ôfsprutsen én tasein dat ‘Een structurele bijdrage van de provincies niet aan de orde is'. Yn in ferslach fan de Bestjoerskommisje Ekonomyske Saken fan 17 maaie dit jier, dat de Steaten krektlyn krigen hawwe, stiet no dat der dochs wer diskusjearre wurde sil oer in strukturele bydrage. De FNP wol opheldering.
De FNP wol ek dúdlikens oer it wer optugen fan de gearwurking mei it Russyske Leningrad Oblast. SNN stelt foar om dat projekt, dat yn 2016 ôfrûn wie en dêr't sûnt de politike ûntwikkelingen yn Ruslân yn 2014 al gjin aktiviteiten mear fan wiene, in ferfolch te jaan. It projekt moat (mei-)betelle wurde mei mienskipsjild, mei in bydrage fan de dielnimmende oerheden en dus ek fan Fryslân. De Steatefraksje fan de FNP wol witte wat de ekstra kosten foar Fryslân binne en oft it Kolleezje fan DS lykas de FNP ek fan miening is dat dit projekt net past by it ‘slanke útfieringsorgaan fan subsydzjes', dat de Steaten foar eagen hawwe mei SNN.
Ta beslút wol de FNP witte oft it Kolleezje útfiering jaan sil oan it beslút fan PS fan 25-05-2016 fan de Steaten fan Fryslân oangeande de maksimale ferheging fan de bydrage oan SNN. It SNN stelt sels út om alle jierren 3,5% mear te krijen, mar de Steaten fan Fryslân hawwe besluten dat dat maksimaal de ynflaasjekorreksje wêze mei.