NIJS   20-11-2016


FNP op besite by Keatsmuseum

By de wurkbesite fan de Steatefraksje oan Frjentsjerteradiel stie ek it Keatsmuseum op it program. Jan Hiemstra hat ús alle ûnderdielen fan it museum sjen litten, dêr wêr't de bal it hert rekket.

It Keatsmuseum is, nei hast 3 jier ticht west te hawwen, wer iepene op 2 septimber. Op in nije plak, mei in nije ynrjochting en mei alle mooglike nije ynteraktive eleminten. Dit is mooglik makke mei jild fan oerheden, sponsoren, fûnsen en partikulieren. En ek de grutty ynset fan frywilligers by de ferbouwing wie ûnmisber.

 

It wurdt al drok besocht en mei reden. It is prachtich wurden!

 

Fansels hawwe wy de moaie âlde glimmende prizen besjoen, de âlde materialen en klean, en it findel dat der hinget. Mar we hawwe ek oan it keatsen west mei de nije game en ek de tysktafel is goed besjoen.

In oanwinst foar Frjentsjer! 

 

 

     

 
 Keatsmuseum 2  Keatsmuseum 3



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer