In foarbyld fan in suksesfolle oanpak ‘fan ûnderen op’. Dat wie de konklúzje fan rieds- en steateleden fan de FNP dy’t in hiele sneontemoarn op wurkbesite wiene yn Frjentsjerteradiel. Mei stipe fan gemeente, provinsje, fûnsen en benammen in hiel soad eigen wurksumheid besiket Doarpshûs De Rede yn Rie de begrutting definityf rûn te krijen foar de ambisjeuze nij- en ferbou.
Bestjoersleden fan Doarpsbelangen, De Rede en de boukommisje lieten de politisi sjen wat der allegear by dit grutte projekt sjen komt. De FNP’ers wiene tige optein oer de wize wêrop âldbou en nijbou mei elkoar ferbûn wurde sille. It selskip seach op lokaasje, dêr’t de sloop op dit stuit geande is. Der sit in soad kriich yn de doarpsmienskip, stelde FNP fraksjefoarsitter Jan Dijkstra fêst. ‘Sa’n projekt jout ek in soad lokale bining en in mienskiplik doel foar eagen; wy kinne merkbite dat oaren hjir ek wer in foarbyld oan nimme.’
Foto's sjen? Sjoch op https://twitter.com/fnpfryslan of https://www.facebook.com/FNPFryslan
Artikel mei foto's ek op Franeker Actueel: http://www.franekeractueel.nl/nieuws/fnp-enthousiast-aanpak-dorpshuis-ried/