NIJS   06-04-2012


It Nije Winkeljen

Gemeenten moatte op romtlik mêd gearwurkje

visser 1   

Op It Hearrenfean waard woansdei 4 april in ynformaasjejûn hâlden oer it saneamde ‘nije winkeljen'. It hjoeddeistige winkeljen sil benammen troch ynternet de kommende jierren bot feroarje. In pear hûndert oanwêzigen, foaral winkellju, webside ûntwerpers en oare nijsgjirrigen koenen presintaasjes folgje oer de ûntwikkelings dy ‘t de detailhannel te wachtsjen steane. 

 

Jan Visser, FNP wurdfierder Romtlike Oardering

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

 

De ûntwikkelings kinne yngripende gefolgen hawwe. Net allinnich foar de klant mar ek foar it oansjen fan de winkelstrjitten of de grutte winkelsintra oan de râne fan in stêd. Der waard foaral kennis útwiksele. Kennis dy ‘t ek fan pas komme kin by de provinsjale plannen wêryn ‘t wy as Steaten bygelyks de koers útsette foar gemeentlike bestimmingsplannen. Op koarte termyn sil it nije winkeljen foaral gefolgen hawwe foar tinbefolke gebieten lykas Noardeast Fryslân. Krekt yn dit soarte streken sil de kommende jierren 20-35% minder ferlet wêze fan ferkeapromte. Neffens ûndersyk soe no al in kwart fan de winkels yn Noard Nederlân gjin besteansrjocht mear hawwe en yn de ‘stille ferkeap' stean. 

 

Mar der binne ek positive lûden. Spesjale ferkeapformules yn kombinaasje mei ûntspanning en kultuer winne terrein.  Binnenstêden sille kompakter wurde, winkels oan útfalswegen komme leech te stean en kinne opnij bewenne wurde. De Steaten kinne dy ûntwikkeling yn goede banen liede troch de problematyk te belûken by de Streekaginda's. Gemeenten moatte op romtlik mêd yntinsyf gearwurkje en elkoar net langer bekonkurrearje. Fûnsen foar werstrukturearing en sanearing fan oerstallige winkelromte soenen dêrby helpe kinne. As fraksje sille wy dit folgje. 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer