NIJS   23-04-2012


Reaksje FNP op fal kabinet

Min nijs foar bestjoersôfpraak Frysk, taalwet en desintralisaasje taken nei Fryslân

Annigje Toering 2012 05   

Los fan de politike kleur is de fal fan it kabinet min nijs foar Fryslân. It is in ramp foar de nije bestjoersôfspraken oer it Frysk, de Taalwet en de desintralisaasje fan foech en taken nei Fryslân ta.

Allegear saken dy't krekt op'e rails set wiene en dy't no wer faai komme te stean. Der sil kwalik omtinken foar wêze no't it allegear om Haachske ferkiezingskampanjes draait de kommende tiid. Dat seit Annigje Toering yn in reaksje fan de FNP op de fal fan it kabinet.

 

Annigje Toering, polityk lieder 

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

De FNP tinkt dat ek de ûntwikkelings op it mêd fan natuerbelied, it ûnderwiis en alternativen foar wynenerzjy stil komme te stean. De Steatefraksje wol dat de provinsjale bestjoerders wêr mooglik trochgeane mei eigen inisjativen.

  

‘Alles draait no om keapkrêftplaatsjes en in ryksbegrutting binnen de Europeeske marzjes. Mar troch it mislearre Catshuis-oerlis is Fryslân al sa'n 140 miljoen earmer wurden. Troch lang wachtsjen op ferkiezings sil de rekkening noch folle heger oprinne. Underwilens giet de oandacht net út nei regearjen en ferlammet de beslútfoarming yn de regio'.

  

Mei alle oandacht foar persintaazjes en besunigingen ferjitte de Haachske partijen neffens de FNP om de politike struktuer sels oan te pakken en te fernijen. De Haach is sels mei ferantwurdlik foar de problemen yn Europa. It binne ommers de lidsteaten sels, de nasjonale regearingen, dy't it belied bepale. It past net om de problemen allinnich op ‘Brussel' ôf te skowen. De FNP wol Fryslân minder kwetsber meitsje foar Haachske krises troch mear eigen foech en ynkomsten lykas yn Wales, Dútske dielsteaten en Kataloanje. Sa kinne wy yn de regio sels de ekonomy en it ûnderwiis yngeand ferbetterje.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer