NIJS   08-05-2012


Jierliks 75.000 besparje op Rekkenkeamer

Rapport: Noardlike Rekkenkeamer ien fan de djoersten

 Sybren 2011 lyts  

 

Fryslân kin per jier sa mar € 75.000 besparje mei in eigen Fryske Rekkenkeamer. Dat seit de FNP yn reaksje op in ûndersyk fan it Ryk nei de rekkenkeamers yn Nederlân. De hjoeddeistige Noardlike Rekkenkeamer mei Grinslân en Drinte blykt ien fan de djoersten yn it lân te wêzen. De FNP wol dat de Fryske Steaten neitinke oer in rekkenkeamer mei in folle lytser budzjet om dêrmei de kontrolearjende taak út te fieren.

   

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Finânsjes

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

 

 

De FNP bringt de hege kosten fan de Noardlike Rekkenkeamer (NRK) wer op it aljemint no't de begrutting 2013 fan de NRK yn de Steatekommisje moarn (9 maaie) op de wurklist stiet. Plannen foar in nije struktuer fan de NRK wiene ferline jier tasein mar dy binne net kaam, seit wurdfierder finânsjes Sybren Posthumus. Dêrom komt de FNP Steatefraksje no mei in eigen útstel.

 

De kwaliteit fan de rapporten fan de NRK is wol goed, mar de kosten binne te heech, fynt de FNP. Boppedat is it tal rapporten oer echt ‘Fryske' ûnderwerpen oan de lege kant mei 1,7 per jier. De FNP wiist op it rapport dêr't  Buro Berenschot yn opdracht fan it Ryk de rekkenkeamers yn Nederlân fergelike hat. It docht bliken dat de organisaasjefoarm, it budzjet en de politike ferhâldingen net fan betsjutting binne foar de effektiviteit fan in rekkenkeamer. Mei oare wurden, sa stelt de FNP: in lytsere eigen Fryske rekkenkeamer kin like goed en is goedkeaper.

 

Dochs hat Fryslân yn 2005 keazen om mei Drinte en Grinslân in aparte organisaasje op te tugen. Neffens it rapport is dit ien fan de djoersten fan it hiele lân. De NRK koste yn 2012 752.400 en de lêsten geane yn 2013 en letter noch wer fierder omheech. In provinsje betellet trochsnee € 0,27 per jier per ynwenner, wylst Fryslân op € 0,40 komt. De FNP fynt it ferskil wol hiel grut. Posthumus: ‘Yn in tiid fan besunigings is dat ferskil net te rjochtfeardigjen. Jo moatte konstant wach wêze op mooglikheden om it better en goedkeaper te dwaan.'

 

De FNP stelt fêst dat de Noardlike Rekkenkeamer net maklik te feroarjen is. ‘Troch de mienskiplike regeling is de struktuer fan de NRK yn beton getten. Elke feroaring ferget in gelikens beslút fan alle trije de provinsjes.' Lykwols wol de FNP in krêftich sinjaal fan de Steaten dat it oars moat en kin; effektiver en doelmjittiger.

 



Downloads:
Kamerbrief rekenKamers
FNP útstel fernijing rekkenKeamer
Eindrapport rekenKamers


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer