NIJS   09-05-2012


Sionsberg: Rânestêd-noarmen soarch foldogge net foar regio

FNP wol debat yn Steaten

Annigje Toering 2012 05   

 

De FNP wol in debat yn de Steaten oer de gong fan saken mei it sluten fan de ôfdieling ferloskunde fan de Sionsberg. De Steatefraksje freget him ôf wêrom oft der bestjoerlik net mear dien is om ferloskunde en bertesoach foar Noardeast-Fryslân te behâlden. Dêr wie earder al om frege yn de Steaten. Neffens de FNP binne de noarmen dy't foar de sikehuzen hantearre wurde te bot basearre op de Rânestêd. Der soe sjoen wurde moatte nei maatwurk oplossingen foar regio's lykas Seelân, Drinte en Fryslân.

 

Annigje Toering, wurdfierder sosjaal belied en soarch

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

De FNP is slim teloarsteld oer de besluten fan de Sionsberg en De Friesland. It is yn de fisy fan de FNP net te begripen dat eltsenien foar in befalling aanst nei it sikehûs yn Ljouwert stjoerd wurdt. Ut scenario's foar de Sionsberg dêr't de FNP oer beskikt blykt dat der mooglik mear bern stjerre sille as de reistiid aanst tanimt. De FNP freget him ôf oft de Sionsberg en de Friesland dizze ûndersiken wol searieus besjoen hawwe.

 

De noarmen dy't foar de sikehuzen hantearre wurde binne basearre op de Rânestêd, dêr't rûnom sikehuzen te finen binne, neffens fraksjefoarsitter Annigje Toering. Te min wurdt rekkening hâlden mei de goed wurkjende praktyk fan streeksikehuzen, de reistiden yn de regio en de sosjale gefolgen fan sluting. Der soe sjoen wurde moatte nei maatwurk oplossingen foar regio's lykas Seelân, Drinte en Fryslân.

 

De FNP is kritysk op de wetjouwer en lanlike organisaasjes dy't mei ferantwurdlik binne foar it ynstellen fan noarmen dy't hjir net wurkber binne, stelt Toering. Se freget har ôf hoe't it kin dat by de driigjende sluting by it sikehûs yn Meppel de Kommissaris fan de Keninginne en it Kolleezje de regy wol nommen hawwe. Ek yn Seelân wurdt der mei stipe fan bestjoer en polityk oan in maatwurk oplossing foar de regio wurke.  ‘Werom is dat by de Sionsberg net bard?'

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer