NIJS   09-06-2012


FNP sympoasium takomst lytse basisskoalle yn Fryslân

Moandei 11 juny Noflik Bergsma, Easterein

Annigje Toering 2012 05   

De FNP organisearret op 11 juny yn Easterein in sympoasium oer de takomst fan de lytse skoallen yn Fryslân. In aktueel ûnderwerp dat rûnom spilet.: der sille op termyn mooglik wol in pear hûndert skoallen slute.

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Underwiis

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

De jûn hat in brede ynstek. Sprekkers binne Klaas Fokkinga, oer wat it betsjut foar de mienskip as in skoalle ferdwynt en Jan Rodenhuis oer de relaasje mei de befolkingskrimp. Fierder  âld ynspekteur ûnderwiisynspeksje Jan Oudenboon oer wêr't skoallen oan foldwaan moatte en skoalbestjoerder Wubbo Wever. Der is ek in groep âlden oer harren perspektyf op in lytse skoalle. De jûn stiet ûnder lieding fan Germ Gerbrandy.

 

De FNP wol op dizze jûn gjin kant-en kleare oplossingen út de polityk wei jaan. It giet der foaral om te harkjen, in stik oriintaasje en ferdjipping. De partij organisearret in stikmennich ynterne en iepenbiere gearkomsten om grutte maatskiplike fraachstikken foar de takomst fan Fryslân skerper foar de bril te krijen. Lykas it ferdwinen fan de lytse skoallen. Uteinlik moat ien en oar letter liede ta politike ynbring. 

 

Utnoege is in grut tal saakkundigen en wurkers út it Fryske ûnderwiisfjild, âlden, de gemeentlike en provinsjale polityk. Plak fan hanneling is Partysintrum-Restaurant Noflik Bergsma yn Easterein en it begjint om 19:45 oere.

 

 

 

Taheakke: Program FNP sympoasium ' Lytse Skoallen'  11 juny 2012

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer