NIJS   18-06-2012


FNP bedriuwsbesite Meijer Plaatbewerking Sint Jabik

Bedriuw stiet midden yn de mienskip fan It Bildt

Besjoch de filmkes fan direkteur Leo Hartman oan it wurd en in ponsmasine oan it wurk yn it fabryk

Hjirûnder in fotoferslach


FNP bedriuwsbesite Meijer Plaatbewerking

 

Yn it ramt fan it projekt Ondernemende Staten, in gearwurking tusken PS en VNO/NCW Noord, binne de Steateleden keppele oan in bedriuw. Doel is ris by elkoar yn de keuken te sjen, om mear gefoel te krijen foar elkoars wrâld. Op freed 15 juny wie de FNP sadwaande te gast by Meijer Plaatbewerking yn Sint Jabik. Direkteur Leo Hartman hat in nijsgjirrich bedriuwskundich "kolleezje"  jûn.

 
 Meijer Plaatwerk 15 juny 2012 002

Leo Hartman op'e tekst oer de bedriuwsprosessen

 

 

It bedriuw komt knap troch de krisis troch de bedriuwsprosessen te ferbetterjen. Der is mei sin gjin personiel ûntslein om gjin kostbere fakkrêften kwyt te reitsjen. Se wurkje no mei selsstjoerende produksjeteams dêr't elkenien mei ferantwurdlik is. Nei bûten ta wurkje se troch ketenyntegraasje nau gear mei oare bedriuwen. Meijer produsearret healfabrikaten fan stiel en RVS foar partners yn hiel West-Europa. De einprodukten lykas foarkheftrucs geane de hiele wrâld oer.

 

 Meijer Plaatwerk 15 juny 2012 011a

It plenboerd fan ien fan de selsstjoerende lasersnijteams

 

 

Tige nijsgjirrich om te sjen hoe't Meijer as âld famyljebedriuw midden yn de mienskip fan It Bildt stiet. It personiel is net allinnich tige betûft mar ek mei it bedriuw woartele yn de streek; dat is ien fan de kearn-kwaliteiten fan Meijer. Wol is de oansluting tusken beropsopliedingen en it personielsferlet fan sa'n technysk bedriuw in probleem. It imago fan de sektor is noch hieltyd ‘smoarge hannen'  mar yn feite hawwe wy it oer ynnovative high-tech, dêr't it measte wurk mei kompjûters programmeard wurdt. Allegear saken dy't ek yn it FNP program opnommen binne!

 

 Meijer Plaatwerk 15 juny 2012 006a

Nei de ynlieding wie der in rûngong troch it fabryk.

 

 

 Meijer Plaatwerk 15 juny 2012 010a

Oandacht foar it healfabrikaat. F.l.n.r: Jan Visser, Auke Bijlsma, Leo Hartman

 

 

 Meijer Plaatwerk 15 juny 2012 014a

Ien fan de state-of-the art laskrobots: 'Sterke Yerke'

 

 

 Meijer Plaatwerk 15 juny 2012 020

Wy nimme ôfskied mei it ferneamde kistke fan de Steatefraksje

 

 

 
 

FNP bedriuwsbesite Meijer Plaatbewerking Sint Jabik

FNP bedriuwsbesite Meijer Plaatbewerking Sint Jabik



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer