NIJS   20-06-2012


WK sportfiskjen dames yn Ljouwert stypje

Fryslân as wettersportprovinsje fierder op de kaart sette

Annigje Toering 2012 05   

De provinsje moat it WK sportfiskjen foar dames yn Fryslân stypje. It kampioenskip, 19-26 augustus yn Ljouwert, is in kâns om Fryslân as wettersportprovinsje fierder op de kaart te setten. Faaks kin it evenemint  mei syn ynternasjonale karakter oanheakje by de Kulturele Haadstêd. De Steatefraksje fan de FNP stelt hjiroer skriftlike fragen oan Deputearre Steaten.

 

Annigje Toering, wurdfierder Algemiene saken, Sosjaal belied en Sport

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

Wurdfierder Annigje Toering fan de FNP is fan betinken dat it 7-daagse WK, dat by it Van Harinxmakanaal plakfine sil, útsoarte geskikt is foar in stik promoasje fan Fryslân as wettersportprovinsje. Se freget oan DS oft de provinsje in bydrage leverje wol. Fierder soe it Kolleezje op koarte termyn oerlizze moatte mei de gemeente Ljouwert en Fryslân Marketing. De gemeente is op dit stuit al belutsen by de organisaasje.

 

Mei in dielnimmersfjild út 17 ferskate lannen hat it evenemint in ynternasjonaal karakter. Toering freget oft men yn dit ramt ek oanheakje wol by de Kulturele Haadstêd.

De FNP fynt it wichtich dat Sportfiskerij Fryslân, mei 31.000 leden en 33 oansletten ferienings fierwei it grutste bûn fan ús provinsje, hjirmei ek ekstra omtinken fan it provinsjebestjoer krijt. In stik draachflak foar de Kulturele Haadstêd ek út dizze hoeke wei is noait wei, sa stelt wurdfierder Toering. ‘De leden fan it sportfiskersbûn binne ek op oare wizen tige belutsen by it ferieningslibben en de mienskip yn Fryslân.'

 

 

Lês hjir de antwurden fan it Kolleezje



Downloads:
FNP skriftlike fragen wk sportfiskjen yn ljouwert


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer