'Fries mei de Friezen'
De Steatefraksje fan de FNP is út ‘e skroeven mei de kandidatuer fan Arno Brok as nije kommissaris fan Fryslân. Hjoed is bekend wurden dat Brok troch de Steaten fan Fryslân foardroegen is as opfolger fan frou Leemhuis. Neffens de FNP hat Brok hert foar Fryslân en is er Fries mei de Friezen. Earder hat er dat al sjen litten as wethâlder fan Ljouwert en boargemaster fan Snits.
Brok hat ek de ‘Fear' krigen fan de Ried fan de Fryske Beweging foar syn foarlûkersrol op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Brok stiet tusken de minsken, is autentyk en dreaun om as ferbiner Fryslân noch mear op de kaart te setten. Fraksjefoarsitter Corlienke de Jong ‘sjocht der nei út om mei Brok gear te wurkjen oan in noch moaier en sterker Fryslân. In boppeslach!'.