NIJS   01-07-2012


Mear ynsette op fakmanskip, nije media en ZZP-ers

FNP bydrage nije Nota Ekonomy fan de Provinsje

 Sybren 2011 lyts  

De nota Ekonomy fan de provinsje Fryslân is op kommendewei. Der wurdt benammen ynset op saken as wettertechnology, agrifood en enerzjy. Dy slute oan by it lanlike topsektoarebelied. Wichtige sektoaren foar de wurkgelegenheid yn Fryslân. Lykwols foar Fryslân  is der mear nedich om de wurkgelegenheid in triuw yn de goede rjochting te jaan.  

   

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

 

 

Troch ferskate bedriuwsbesites is ús dúdlik wurden dat ek ambacht, fakmanskip en kreativiteit fan grutte betsjutting binne. Yn it bedriuwslibben driget de kommende jierren in grut tekoart oan technisy te kommen. Dêr leit in taak foar de oerheden. Dêrby is fan belang dat der wer wurdearring komt foar mbû-ers dy't goed mei de hannen wurkje kinne. Fansels binne banen foar minsken mei in hegere oplieding  ek fan grut belang, mar minsken mei in fersoargjend berop of ambachtslju lyk as in timmerman binne goud wurdich.

 

In opkommende bedriuwstak is ‘serious gaming' en de multimedia. Wy hawwe fernommen dat in stik rezjy en stimulâns troch gemeenten en provinsje mist wurdt, seker as jo it ferlykje mei oare regio's. Bygelyks yn in stêd as Hamburch is yn koarte tiid in groei realisearre fan 700 nei 12.000 arbeidsplakken. Yn Ljouwert hawwe de opliedings CMD-multimedia oan de NHL no al 900 studinten. De FNP wol dy graach in kâns jaan yn Fryslân. 

 

Fierder is it de fraach wat de rol fan de Keamer fan Keaphannel yn de 21ste ieu noch wêze kin. Undernimmers betelje alle jierren in bydrage op basis fan rjochtsfoarm en grutte fan de ûndernimming. Dy is ynklusyf SER-opslach al gau mear as 40 euro. Op basis fan de rom 51.000 bedriuwen (2011) in bydrage fan mear as € 2 miljoen op jierbasis. Geregeld hearre wy de fraach wat de Keamer tsjinwurdich noch werom docht foar al dat jild fan Fryske bedriuwen. Der is ek krityk op it feit dat de ‘Keamer' in pear jier lyn syn haadfêstiging fan Ljouwert ferpleatst hat nei in djoer glimmend kantoar yn de stêd Grins. Is it noch wol nedich dat bedriuwen ynskreaun steane yn it hannelsregister, wylst sawat elkenien hjoeddedei ek al in nûmer by de belestingtsjinst hat? It wurdt tiid en fier in diskusje oer nut en needsaak fan de taken fan de Keamer fan keaphannel.

 

Yn Fryslân binne 288.000 banen (ynklusyf dy fan minder as 15 oeren yn de wike). In hiel grut part dêrfan (90%)  wurdt ynfolle troch it Midden- en Lytsbedriuw (MKB). En dêrfan is wer 80% in ienmanssaak. It tanimmen fan it tal ZZP-ers freget ek om in omslach yn tinken. Minsken rêde har mei de moderne media en troch netwurken op lokaal nivo en fia ynternet. Sa komme se oan wurk en kontakten. In goede breedbânstruktuer troch hiel Fryslân is heechnedich. Yn de oanrin nei de Twadde Keamerferkiezings wurdt no praat oer mear ferplichtings foar ZZP-ers, lykas minimum-tariven en ferplichte fersekerings foar fan alles en noch wat. Dwersferkeard, want ûndernimmers hawwe keazen foar mear frijheid en wolle dan net konfrontearre wurde mei ekstra regels en kosten.

 

Ta beslút moat it beslissingsfoech oangeande ekonomy en wurkgelegenheid noch folle mear yn hannen fan de provinsje Fryslân komme, mei in desintralisaasje fan de dêrby hearrende middels. Foar polityk Den Haach hawwe allinnich de Rânestêd en de regio Eindhoven-Venlo noch prioriteit. Tusken 2010 en 2020 wol it hjoeddeistige kabinet benammen yn dy regio's € 40 miljard stekke. Op basis fan ynwennertal soe Fryslân yn ús eagen 1,6 miljard takomme. Dêrneist sil mei in ridlik oanpart (25%) fan de gas- en oaljewinning ús regio ek in fikse wurkgelegenheidsympuls krije kinne.  

 

 

Dit artikel is ek publisearre as Te Gast yn de LC fan 30 juny 2012

en as opinystik yn it FD fan 11 july 2012.

 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer