NIJS   09-07-2012


FNP posityf oer Doarp en Bedriuw Fryslân

Stifting DBF jout bedriuwsgebouwen nije funksje

visser 1   

Ynspirearjend, dat wie it petear dat ik koartlyn hie mei Martin Cnossen fan Stichting DBF, foarhinne Doarp en bedriuw Fryslân.

 

Jan Visser

FNP wurdfierder Romtlike Oardering

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

Dizze non-profit organisaasje wol leechsteande, foaral histoaryske bedriuwsgebouwen en soms tsjerken, in nije funksje jaan. It âlde doarpskafee fan Blije is in prachtich foarbyld. Yn de noardlike provinsjes hawwe hja sa'n 30 gebouwen yn eigendom. DBF siket net allinnich gadingmakkers mar is ek ree om jild te stekken yn goede plannen. Wichtich, want meastentiids is de finansiering de grutste stroffelstien wêrtroch der wer in stikje leefberens driget te ferdwinen. De provinsje kin yn sa ‘n polityk-private gearwurking in krúsjale rol hawwe.

 

Provinsjaal oersicht hâlde fan frijkommende panden is in betreklik ienfâldige taak. Mar it opsetten fan bygelyks in doarp-ûntwikkelmaatskippij foar kennis en prosesbegelieding soe ek troch de provinsje stipe wurde moatte. Dêrby moat foaral mear each wêze foar it sprieden fan risiko's by it finansieren fan de saneamde ûnrendabele top. Ik wie foaral ûnder de yndruk fan de entûsjaste, fêsthâldende en pragmatyske oanpak fan DBF.  Wy sille grif noch mear fan harren fernimme.

 

Cafe Veldzicht Blije

 
 Kafee 'Veldzicht' yn Blije

 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer