NIJS   22-06-2016


FNP pleitet foar ûnderhâldsfûns KH2018 11 Fountains

Neitinke oer goed behear nei 2018

Yn de Steategearkomste woansdei 22 juny kaam de FNP Steatefraksje mei in útstel oer de "legacy", erfenis, fan de 11 Fountains, ûnderdiel fan KH2018. De FNP wol dat Provinsje en de oanbelangjende gemeenten neitinke oer in oerkoepeljende ynstânsje dy't har dwaande hâldt mei it behear en ûnderhâld fan de fonteinen op lange termyn. Koartsein, dat der net foar alle belutsen gemeenten aparte regelingen hoege te kommen.

  

Yn it jier fan de Kulturele Haadstêd 2018, sille der yn de 11 Fryske Stêden fonteinen komme. 11 Keunstners wurde frege om dizze fonteinen te ûntwerpen, elk passend by har eigen stêd. Dit alles yn it ramt fan de positive marketing fan ús wetterprovinsje Fryslân mei KH2018.

 

De FNP fynt dat Fryslân mei dit projekt op in positive en kenmerkende wize de wrâld oer giet. Wol hat de FNP fan it begjin ôf oan de betingsten oanjûn dat der foarút sjoen wurde moat; nei 2018 bliuwe de fonteinen stean en moatte sy ûnderhâlden wurde. Der moat omtinken wêze foar dizze neilittenskip. Douwe Blom, FNP riedslid yn Súdwest Fryslân, "In prima plan, as it ûnderhâld foar de lange termyn goed regele is, hat it projekt in hiele goede kâns fan slagjen". 

 

De FNP stelt út dat de belutsen gemeenten hjiryn mei inoar oparbeidzje. Bygelyks de gemeente Dongeradiel is al hiel fier mei it fonteinenprojekt. "By ús yn Dongeradiel soenen wy tige wiis wêze mei de stipe fan de Provinsje en gearwurking mei oare gemeenten op dit mêd", neffens Jaap Postema, riedslid FNP Dongeradiel.

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer