NIJS   21-06-2016


Dividint NOM stekke yn wurkgelegenheid en ekonomy

Moasje yn Steaten fan 22 juny 2016

Sybren Posthumus 2015 lyts      

De Steatefraksje fan de FNP wol dat it dividint dat Fryslân fan de NOM kriget, safolle as mooglik wer yn de Fryske ekonomy stutsen wurdt. Dat sil de partij moarn yn de Steaten fan Fryslân mei in moasje nei foaren bringe.     

  

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Finânsjes    

Reaksje ? Mail  s.posthumusfryslan.frl 

Neffens de FNP is de wurkgelegenheid yn Fryslân noch altyd net op it winske nivo en moat de provinsje dêr wat oan dwaan. Mei it dividint fan de NOM, mei in ferwachte 7% rendemint op in ynvestearring fan € 23 miljoen, kin alle jierren sawat € 1,3 miljoen yn de Fryske ekonomy stutsen wurde.

  

Direkte oanlieding foar de moasje fan de FNP is de oankeap fan oandielen yn de NOM fan it Ryk. Dêrmei krije Fryslân, Grinslân en Drinte mear ynfloed en sizzenskip yn de ûntwikkelingsmaatskippij. De oandielhâlders fan de NOM moatte noch in nij dividintbelied fêststelle. Dêrom is it neffens de FNP no it momint om dêr as Steaten fan Fryslân in útspraak oer te dwaan.

  

De FNP wol wol dat noch in part fan it dividint op lange termyn yn de Algemiene middels fan de provinsje Fryslân weromfloeit. It giet dêrby om € 270.000 op jierbasis. In bedrach dat de provinsje kwyt is as gefolch fan it rintegemis omdat dy saneamde ‘treasurymiddels' no net earne oars belein wurde. Mar it bedrach dat dêrboppe troch de NOM útkeard wurdt, kin wer ‘weromploege' wurde yn wurkgelegenheid en ekonomy.

 

It histoaryske rendemint fan de regionale ûntwikkelingsmaatskippijen is sawat 7% op jierbasis fan de ynvestearre jilden. ‘Mei de ympuls fan € 1,3 miljoen per jier wurket Fryslân oan ien fan syn kearntaken, nammentlik it befoarderjen fan de regionale ekonomy', seit FNP-Steatelid Sybren Posthumus.    

 

 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer