NIJS   03-11-2009


Soarch oer elektromagnetyske fjilden heechspanningskabels

Undersyk moat útwize oft de nije heechspanningsferbining tusken de Eemshaven en de Ranestêd ek ûnder de Noardsee oanlein wurde kin yn stee fan oer lân. De FNP-steatefraksje wol dat de provinsje by it ministearje fan Ekonomyske Saken oantrunet op sa'n ûndersyk.



"Heechspanningskabel ûnder see goed idee" (Douwe Bijlsma oer heechspanningskabels)

De FNP sjocht wol wat yn it idee fan deputearre Moorlag fan de provinsje Grinslân om de nije 380 KV heechspanningskabel fan de Eemshaven nei de Rânestêd ûnder see oan te lizzen. Dat docht bliken út fragen oan it Fryske Kolleezje fan Deputearre Steaten yn Provinsjale Steaten op 4 novimber.

 

Hoarizonfersmoarging

Heechspanningskabels binne ek in foarm fan hoarizonfersmoarging, stelt de FNP. De FNP kin him net begripe dat it Fryske Kolleezje gjin beswier hat tsjin de nije boppegrûnske ferbining yn it ljocht fan it Fryske Streekplan. Wat foar it Nasjonaal Lânskip Middag-Humsterlân jildt, giet fansels ek op foar it Nasjonaal Lânskip de Noardlike Fryske Wâlden. Net foar neat hat it Streekplan Fryslân as motto 'Om de kwaliteit fan de romte' sa seit de FNP.

Benammen mei it each op de striid tsjin it pleatsen fan grutte wynturbines yn de provinsje fertsjinnet it idee fan Moorlag serieuze stipe fan Fryslân, sa seit FNP wurdfierder Douwe Bijlsma. Yn de reaksje fan it Fryske Kolleezje wurdt de útwurking boppe de grûn op de romtlike kwaliteit en op de sûnens fan de omwenners alhiel net neamd, wylst men frjemd genôch wol yngiet op inkele technyske 'ûndergrûnse' belangen en op de krusing mei oare ynfrastruktuer. 'Tennet seit dat it net ûnder de grûn kin, mar bedoele se eins net dat it harren te djoer wurdt?' De opsje ûnder see sil neffens Bijlsma op syn minst serieus ûndersocht wurde moatte.

 

Sûnensrisiko's

Dêrneist is oantoand dat der mooglik in ferbân is tusken bern dy't yn ‘e buert fan heechspanningsmêsten wenje en leukemy. Yn de reaksje fan it Fryske Kolleezje wurdt de útwurking boppe de grûn op de romtlike kwaliteit en op de sûnens fan de omwenjenden alhiel net neamd. ‘Tennet seit dat it net ûnder de grûn kin, mar bedoele se eins net dat it harren te djoer wurdt?' De opsje ûnder see sil neffens Bijlsma op syn minst searieus ûndersocht wurde moatte.

 



Tags: enerzjy en duorsumens, natuer en lanskip, soarch yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer