NIJS   22-12-2016


FNP: mear dúdlikens oer Evenemintefûns SNN

Wat hat it foar Fryslân opsmiten ?

De Steatefraksje fan de FNP wol helderheid hawwe oer de kosten fan it Evenemintefûns fan SNN yn 2017 en de evaluaasje oer it ôfrûne jier. Fierder wol de partij dat de evaluaasje oer it ôfrûne jier (2016) nei de Steaten fan Fryslân ta stjoerd wurdt. Dan kin hooplik in goed byld ûntstean wat it evenemintebudzjet fan SNN no al as net foar Fryslân opsmiten hat en wat it netto effekt west hat foar de Fryske ekonomy.

 

De FNP is kritysk oer it evenemintefûns om't yn de Steaten fan Fryslân op 25 maaie 2016 ôfsprutsen is dat de ferheging fan it budzjet foar SNN net mear wêze mei as it accrespersintaazje (1,13% yn 2017). It saneamde ‘accres' is de ferheging fan de bydrage fan it Ryk dy't gemeenten en provinsjes alle jierren krije. Mei ekstra bydragen foar bygelyks eveneminten komme jo dan al gau boppe it ôfsprutsen accres út. Fierder wol de FNP witte op watfoar kritearia it Kolleezje fan Fryslân besletten hawwe om oer te gean ta ferlinging fan de bydrage en oft dy ekstra bydrage no ek struktureel is.

 

Yn syn algemienens fynt de FNP dat de transparânsje by en oer SNN net goed is. Op de website fan SNN binne de wurklisten en ferslaggen lêstich te finen en wat der stiet is somtiden slim efterhelle. It koarte berjocht oer it evenemintebudzjet kaam fia in Nijsbrief nei bûten. Sûnder ekstra fragen fan de Steateleden is de kontrolearjende funksje oer SNN sa net goed út te oefenjen. 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer