Fryslân hat ferlet fan fakminsken. Oannimmers ha te min timmerlju, metselders, ynstallateurs, neam mar op. Oare prachtige beroppen stean ûnder druk; de reiddekker, de (edel)smid, de klompmakker. Ek koks, automonteurs en ferpleechsters binne somtiden hast net te besetten. Skande, want krekt it fakwurk en it MKB foarmje de siel fan de Fryske ekonomy.
Dêrom komt de FNP yn aksje mei it pamflet ‘Alle romte foar ambachtlik wurk yn Fryslân'. Aksjepunt 1 is dat der wer wurdearring komt foar hânwurk. De ûnderwiisminister Ingrid van Engelshoven set de earste stapkes al. Sa meie MBO'ers har aanst studinten neame.
Mar der is mear nedich. Fierstente min bern kieze foar in praktysk berop. Omdat trochlearen de noarm is, mar ek omdat der gjin foarbylden mear binne. De moaiste bedriuwen binne weistoppe yn loadsen mei neonreklames oan de sneldyk. Min neamt it sichtlokaasjes, mar de ambachten komme dêr net foar it ljocht.
Dêrom wol de FNP lytse bedriuwen werom bringe nei de doarpsstrjitten (aksjepunt 2). Sadat bern fernimme wat in meubelmakker, boekbynder of banketbakker docht. Se kinne it wer sjen, hearre en rûke. Soks stimulearret om in fak te learen. Fansels moatte bedriuwen harren hâlde oan de miljeuregels. Mar de FNP wol alle war dwaan om begjinnende bedriuwen in plak te jaan yn it doarp of op in lyts bedriuweterreintsje om 'e hoeke. Dát neame wy sichtlokaasjes.
It wurkjen yn âlde tsjerken, pakhuzen of havenloadsen is ek noch ynspirearjend. Sa krije kreative faklju romte om te eksperimintearjen. Dit is aksjepunt 3. Wy ha yn Fryslân in pear heechweardige kennisklusters (Wetsus, Dairy Campus, Ynnovaasjekluster Drachten), mar ek dêr hearre wy de rop om handige hantsjes. ,,De innovatie vindt plaats op plekken waar mensen de ruimte krijgen om te knutselen'', sei Wetsus-directeur Cees Buisman lêstendeis yn de Ljouwerter krante. De measte útfinings wurde dien op de wurkflier!
Aksjepunt 4: It Fryske ûndernimmersloket YnBusiness giet no fral út fan mear rendemint en ynternasjonalisearring. Mar dit moat him ek op de praktyske beroppen rjochtsje. Bygelyks troch in fakatuerebank mei ‘gildemasters' foar learlingen op te rjochtsen. Ien op ien leare fan in fakman of fakfrou.
Aksjepunt 5 is ús ferset tsjin grutskalich tinken. Tink oan it projekt Top Dutch, dat mei in grutte kampanje Tesla nei it Noarden helje wol en ynset op ‘Groene Chemie'. Los fan it feit dat it fral in Grinzer lobby is, is it ek te folle rjochte op multinationals. Dy ha faak net folle op mei de regio dêr't hja delstrike. As jo se al krije, kinne se samar wer fuort wêze. Dit megalomane tinken stiet hiel fier ôf fan de FNP.
Wy fine dat krekt it lytse grutte romte fertsjinnet. It stimulearjen fan ús ambachtekonomy heart dêr by. Dêrom noegje wy yn jannewaris in groep faklju út foar in moarnsbrochje. Om meiïnoar te praten oer in moaie takomst foar de ambachtsekonomy yn Fryslân.
Corlienke de Jong, foarsitter steatefraksje FNP