Us bern fertsjinje it om op te groeien mei de rykdom fan meartaligens. De aksje foar it Frysk op skoalle is dêrom in stipe yn de rêch foar de polityk om bliuwend te ynvestearjen yn effektyf ûnderwiis. Sokke aksjes meitsje dúdlik dat der in reëel maatskiplik ferlet is. De FNP stiet dêr dan ek folslein efter.
FNP wurdfierder ûnderwiis Corlienke de Jong is fan betinken dat kritisy en kollega-steateleden yn PS folslein gelyk hawwe dat de wetlik regele Fryske lessen oant no ta net effektyf genôch west binne. Mar de ôfrûne desennia binne perfoarst wol stappen foarút set mei it Frysk. Benammen op it mêd fan wetjouwing, lesmetoaden, digitale learomjouwingen, ûnôfhinklike toetsing, learlingfolchsystemen, it tal trijetalige skoallen en pjutteboartersplakken. De provinsje hat dêr de ôfrûne jierren in hiel soad tiid en jild yn stutsen. Lykas mei it Deltaplan Frysk.
De FNP stelt lykwols mei de kritisy fêst dat op it op it mêd fan effektiviteit en ûnderwiis- ynspeksje te min konkrete resultaten te sjen binne. Leare de bern wol echt Frysk lêzen, skriuwen en sprekken? Wurdt der al genôch serieus toetst? Wannear sil de ûnderwiisynspeksje wer begjinne mei it hifkjen fan skoallen op it Frysk? Der is eins ek te min mjitbere ynformaasje foar de Steaten om te sjen oft de learlingen ek echt foarút buorkje.
De Jong hopet mei it ûnderwiis sels, mei oare maatskiplike partners en mei de Fryske polityk no mei faasje folgjende stappen te setten.De FNP hat krekt antwurd krigen op syn skriftlike fragen oan DS oer it Taalplan Frysk. Dat blykt in needsaaklike ynventarisaasje te wêzen om as in soarte fan nul-mjitting de stân fan saken op de skoallen yn kaart te bringen. De FNP soe graach sjen dat dêrby net it regeljen fan in ûntheffing mar de konkrete ferbettering fan it ûnderwiis yn it Frysk sintraal komt te stean.