Provinsjale Steaten Fryslân hat mei betelle oan de nije akkommodaasje Thialf en is foar in grut part oandielhâlder. Reden genôch foar de FNP om ien en oar ris fan tichteby te besjen.
Nei in rûnlieding troch de hiele hal krigen de FNP’ers in wiidweidige presintaasje oer it CTO, mar ek oer Topsport Noord. Hja stimulearje de talintfolle jeugd safolle mooglik om topsport te beoefenjen mar tagelyk ek harren oplieding op eigen nivo mei goed gefolch dien te meitsjen. Yn de mienskip op it Hearrenfean en yn Thialf binne de kondysjes hjir poer geskikt foar.
De FNP is tige optein oer it berikte resultaat. Net allinnich foar it Hearrenfean mar foar hiel Fryslân. Lykas steatefraksjefoarsitter FNP Corlienke de Jong nei de tiid sei: “Dit is Fryslân op syn bêst!”