NIJS   18-07-2012


FNP: âlde wynturbines opromje

Jan Visser wol Kolleezje skerp hâlde

visser 1   

De FNP wol dat âlde wynmûnen earst opromme wurde foardat der in nij mega-wynmûnepark by de Ofslútdyk komt.

Wy hawwe fan de deputearre in tasizzing krigen dat it sanearjen fan âlde turbines út it Fryske lânskip 'ûnferbidlik ferbûn' is mei it plan by de Ofslútdyk.

Fierder wol de FNP dat de nasjonale kaart, dêr't de helte fan Fryslân noch as 'zoekgebied' foar mega-wynmûneparken op yntekene stiet, fan tafel giet.

 

Jan Visser

FNP wurdfierder Romtlike Oardering

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

Konkreet betsjut de útspraak fan de deputearre dat yn de rin fan dit jier helder wêze moat wat de petearen mei de hjoeddeistige eigeners fan wynturbines op it lân opsmiten hawwe. Earder kinne wy net in beslút nimme oer de nije struktuerfisy foar wynenerzjy yn Fryslân. De FNP wol in wettertichte 'âld foar nij' regeling sjen. It sanearjen fan de âlde wynturbines en it oplossen fan de knipepunten mei it Ryk hie it Kolleezje oars ek sels as betingst steld. De FNP sjocht lykwols noch net folle foarútgong en wol it Kolleezje hjir skerp op hâlde.



Downloads:
FNP bydrage windpark Fryslân


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer