NIJS   18-07-2012


FNP yn Steaten: ynsette op OV en lytse skoallen

Debat oer spoar Drachten-Grins en Kadernota 2013

Annigje Toering 2012 05  

De FNP is bliid mei it beslút om it spoar Hearrenfean-Drachten-Grins te skrassen. Mei de koalysjepartners en D66 hat de FNP in moasje yntsjinne om jild dat oer is te ynvestearjen yn it Iepenbier Ferfier. De FNP hat fierder by de Algemiene Skôgings in moasje yntsjinne oer de lytse skoallen.

 

Annigje Toering, FNP fraksjefoarsitter 

 

Reaksje? Mail: a.m.vandermeifryslan.nl

 

Neffens Toering yn har Algemiene Skôgings is der net allinnich sprake fan in finansjele krisis, mar ek fan in sosjaal-kulturele krisis. Bestjoeren fan organisaasjes en ynstellingen, dy't earder tsjinstber wiene oan de mienskip, hawwe no de boarger feroardiele ta 'klant'. Der giet tefolle jild yn de organisaasjes sitten en te min giet nei de minsken. Soks rekket neffens de FNP de mienskip djip. Dêrby reitsje de minsken har sikehûs, har skoalle, har húsdokter, har winkel, har thússoarch, har doarpshûs ensfh. mear en mear kwyt. Wat fuort is, komt net wer. De FNP is fan betinken, dat de oplossingen fûn wurde moatte op lokale skaal en fan ûnderen op. Wat is it ferlet en wat wolle de minsken? De minsken bewust en selsredsum meitsje en by de mienskip belûke, seit Toering.

 

De FNP hat yn dit ramt noed oer it sluten fan skoallen op it plattelân. De krimp hat syn effekt. It giet ús om berikberens en beskikberens fan kwalitatyf goed ûnderwiis. It giet om lange termyn effekten dy't aanst net werom te draaien binne. In diskusje dy't jin de debatten oer de Sionsberg yn it sin bringt. De skoalbestjoeren beslute autonoom nei bêste witten oer sluten, gearfoegjen of klusterjen. Lykwols se dogge dat foar it eigen wurkgebiet. Dêr leit gjin oerkoepeljende fisy of regy foar de hiele regio Fryslân ûnder. Wy achtsje it belangryk dat it Kolleezje hjiroer yn petear giet mei de ûnderwiiskoepels en skoalbestjoeren. De FNP hat hjirta in moasje yntsjinne dy't oernommen is troch it Kolleezje mei in tasizzing om in 'lichte rezjy' te fieren'.



Downloads:
FNP bydrage spoarline hdg
FNP moasje lytse skoallen
FNP algemiene skôgings kadernota 2013
Moasje hdg alternativen


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer