NIJS   14-04-2017


Moasje FNP: hege enerzjytariven Liander oanpakke

‘Wol de deputearre Liander oansprekke yn syn rol fan grut-oandielhâlder?' Dat is de kearnfraach dy't de FNP mei in moasje stelt yn Provinsjale Steaten fan 19 april. De partij wol dat de Provinsje wat docht oan de hege tariven dy't partikulieren en bygelyks sportferienings betelje moatte foar harren stroomoansluting.

De moasje wurdt op foarhân al mei yntsjinne troch de PvdA en 50Plus yn de Steaten. Ek de Consumentenbond wol aksje tsjin de miljardereserves fan de netbehearders.

 

Precariobelesting

De fraach kaam op it aljemint nei klachten fan bygelyks de Mixed Hockey Club yn Ljouwert. Nei de oerdracht fan de oanslutingen fan Enexis nei Liander moatte ferieningen, bedriuwen en partikulieren folle mear betelje. Dat soe komme troch de hege precariobelesting fan gemeenten op kabels en leidingen yn it Liander-gebiet. Dy belesting moat troch alle gebrûkers meielkoar opbrocht wurde. De Provinsje hat dat skreaun yn syn antwurd op skriftlike fragen fan de FNP. De deputearre erkent dat de priisferheging ‘net rjochtfeardich' is. De FNP wol no witte wat de deputearre dêr yn de oandielhâldersfergadering oan tinkt te dwaan.

 

Rynske Reserves

FNP wurdfierder Posthumus wol fan de deputearre witte oft Liander net mear winsten oan it oppotsjen is as strikt needsaaklik. ‘Wat bart der mei dy rynske reserves fan € 2,4 miljard? Der wie ús in ferleging fan de kosten mei 4% troch effisjensy foarspegele. Wat is dêr fan op'e hispel kaam? Wy hawwe der gjin sicht op. Yn stee dêrfan wurde de klanten no konfrontearre mei grutte priisferhegingen. Hoefolle jild is der krekt nedich om it elektrisiteitsnetwurk te fernijen? Ek dat is net dúdlik op it stuit.‘ Posthumus wol mei de moasje dat de deputearre no oan de slach giet en de Steaten op de hichte hâldt.



Downloads:
Moasje frjemd liander


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer