NIJS   11-09-2012


Pleit foar dassetunnels yn provinsjale dyk Balk-Koudum

Fragen oer grutte tal ferkearsslachtoffers

 Anna Martha 2011 lyts  

De Steatefraksje fan de FNP wol dat de Provinsje dassetunnels oanleit yn de N359 troch Gaasterlân. Yn de provinsjale dyk tusken Balk en Koudum binne op in inkel plak sûnt 2005 wol 15 dassen deariden. De fraksje stelt skriftlike fragen oer it grutte tal ferkearsslachtoffers.

  

Anna Martha van der Mei

FNP wurdfierder Natuer en Lanlik Gebiet

 

Reaksje? Mail: a.m.vandermeifryslan.nl

 

Neffens ynformaasje fan Staatsbosbeheer yn Aldemardum binne der likernôch 25 burchten en sa'n 125 dassen op' e sângrûn fan Gaasterlân. Der is in bloeiende populaasje sûnt de bisten yn de jierren '60 op 'e nij útset binne yn dizze omkriten.  Dêrfan binne der der op in inkel oerstekplak yn de provinsjale dyk by de Wyldemerk sûnt 2005 wol in stik as 15, en op oare plakken meiinoar in 10-12 bisten sneuvele.

 

Neffens natuerwurdfierder Anna Martha van der Mei soe der mei in raster en saneamde dassetunnels (feitlik buizen ûnder de dyk troch) ienfâldich wat oan te dwaan wêze. De Provinsje docht by nije diken lykas de N381 en de Sintrale As in hiel soad om bisten in feilige oerstek te bieden. Wêrom dan net by besteande provinsjale diken, sa freget se har ôf. Van der Mei freget de ferantwurdlike deputearren (Kramer - natuer en Poepjes - ferkear) oft se ree binne op koarte termyn maatregels te nimmen.

 

Dassen

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 



Downloads:
FNP skriftlike fragen dassetunnels
Antwurd op FNP fragen dassetunnels


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer