NIJS   24-09-2012


Lit it sâlt mar sitte !

Sâltwinning Slappeterp opkeard: FNP wie derby

 Auke 2011 lyts  

De wurkgroep "Zout is Fout" hat mei súkses de sâltwinning by Slappeterp opkeard.

Reden foar in betinking op 10 septimber. De provinsjale polityk wie allinnich fertsjintwurdige troch de FNP.

 

Auke Bijlsma, Earste Opfolger - Kommisjelid

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

 

Nei in tiid fan oriïntaasje sette ferline jier, op 10 septimber, de wurkgroep "Zout is Fout" útein mei in ferskaat oan aksjes op lokaal, provinsjaal en lanlik nivo. Doel wie om tefoaren te kommen, dat der troch Frisia nei sâlt boarre wurde soe by Slappeterp. Dit hat fertuten dien, no't besletten is om net in nije konsesje by Slappeterp út te jaan mar yn de takomst yn te setten op boarjen ûnder de Waadsee.

 

Op 10 septimber lêstlyn, in jier letter, wie der yn de tsjerke fan Slappeterp in gearkomste om alle aksjes te betinken en om ien en oar ôf te sluten. Ta oantinken waard troch Lutz Jacobi, 2e Keamerlid foar de PvdA, in plakette ûntbleate mei derop in gedicht fan Peter Vermaat.

 

Under de rom 30 oanwêzigen ferskate leden fan de eardere wurkgroep/aksjegroep, ynwenners fan Slappeterp, fertsjintwurdigers fan omlizzende doarpen en de gemeente Menameradiel. De provinsjale polityk wie allinnich fertsjintwurdige troch de FNP! 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer