NIJS   25-09-2012


Iepenbierens grûnposysjes gemeenten blokkearre

Antwurd op FNP fragen grûnposysjes gemeenten en weryndieling

Sybren 2011 lyts     ‘Krekt troch ynformaasje efter te hâlden foar de demokratysk keazen folksfertsjintwurdiging wekt de oerheid de yndruk dat der mooglik grutte problemen binne mei it grûnbelied fan de gemeenten.'

 

Sybren Posthumus,

FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

Yn 2011 hat de FNP fragen steld oan Deputearre Steaten oer de nuodlike grûnposysjes fan gemeenten dy't foar in weryndieling steane. Der soe doe in ynventarisaasje komme fan de grûnproblematyk troch it lanlik fakberie gemeentefinânsjes en it ministearje fan Ynlânske Saken.

 

Op 22 juny 2012 hat wurdfierder Sybren Posthumus de fragen werhelle, doe't it noch hieltyd stil bleau. Ut de antwurden dy't wy op 4 septimber krigen, blykt no dat de ynformaasje blokkearre wurdt troch it lanlik fakberie en it ministearje fan BZK. Posthumus is hjir lilk oer. ‘Krekt troch ynformaasje efter te hâlden foar de demokratysk keazen folksfertsjintwurdiging wekt de oerheid de yndruk dat der mooglik grutte problemen binne mei it grûnbelied fan de gemeenten.'

 

De Steatefraksje lit no witte dat hja har kontrolearjende taak as folksfertsjintwurdigers net goed útfiere kinne troch de opstelling fan de lannelike oerheid. De fraksje wol eins net wachtsje op in eigen ynventarisaasje, dy't de Provinsje Fryslân no sels mar opstelle sil op basis fan de gemeentlike jierrekkens oer 2011. Lykas it Kolleezje fan DS stiet de FNP der lanlik op oan om de gegevens fan alle Nederlânske gemeenten dochs iepenbier te meitsjen. De fraksje beriedt him no op fierdere stappen.

 



Downloads:
Antwurd FNP fragen grûnposysjes gemeenten en weryndieling


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer