NIJS   26-09-2012


Lobby wurkgelegenheid justysje Ljouwert mislearre

Banen gerjochtshôf ferdwine dochs nei Arnhem

Sybren 2011 lyts   

De FNP stelt fragen oan Deputearre Steaten oer it ferdwinen fan wurkgelegenheid by it Hôf en Iepenbier Ministearje út Ljouwert wei. No't de nije gerjochtlike kaart in feit is docht bliken dat tal fan funksjes dochs ferdwine nei de nije justysjehaadstêd Arnhem. Der bestiet noch hieltyd grutte soarch oer de wurkgelegenheid yn Ljouwert en de status fan de Fryske haadstêd as justysjestêd. Neffens de FNP kin steld wurde dat de eardere Noardlike lobby om de negative effekten te beheinen feitlik mislearre is.

 

Sybren Posthumus,

FNP wurdfierder Boarger en Mienskip 

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

FNP wurdfierder Sybren Posthumus wol helder hawwe dat it hôf Ljouwert as sittingslokaasje en as wurkplak foar de riedshearen en meiwurkers behâlde sil. Hy wiist der op dat de posysje fan it hôf Ljouwert tanimmend ûnder druk komt te stean no't:

- it IM by it hôf nei Arnhem ferhúzje sil en de oankleiers it hôf fan út Arnhem betsjinje moatte;

- it no al sa is dat de bedriuwsfiering fan de hôven ien wurdt;

- it mei de komst fan in nije presidint ûndúdlik is mei hokker opdracht hy der sit: hielendal gearfoegje, of de ôfsûnderlike hôven behâlde?

 

De FNP hat grutte soargen oer it de heechweardige wurkgelegenheid dy't út de Fryske haadstêd wei ferdwynt. Ljouwert soe allinnich noch sittingsplak foar it Hôf bliuwe.

Posthumus freget oft de byhearrende wurkgelegenheid no allegear ferdwynt. Hy wol witte oft it Kolleezje oanjaan kin hoefolle fte's der yn Arnhem respektivelik Ljouwert komme te wurkjen yn de nije opset.

 

Der wie yn 2009 in soad politike kommoasje oer de plannen. Der is doe troch de Provinsje in Noardlike lobby fierd (mei Grins en Ljouwert) om negative effekten foar ús gewest safolle mooglik tsjin te gean. Der hat sels eefkes sprake west fan ynset op in konsintraasje yn Ljouwert fan it wurk fan it Hôf foar in hiel grut wurkgebiet. Posthumus wol no fan DS witte hokker konkrete resultaten of garânsjes de lobby opsmiten hat.  Mei it each op de lûden dy't de FNP út rûnten fan justysje krijt, komt der foar Ljouwert suver neat op 'e hispel no't de organisaasjeferoaring ienkear yn gong set is. It liket der neffens de FNP op dat der gjin lykwichtige ferdieling tusken Arnhem, Ljouwert en Grins ta stân kommen is. ‘Feitlik kinne jo dan stelle dat de Noardlike lobby mislearre is.'

 

 



Downloads:
FNP skriftlike fragen lobby gerjochtlike kaart
Antwurdbrief FNP fragen gerjochtlike kaart


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer