NIJS   21-10-2012


Opskalen oerheidstsjinsten: bedriging en kâns foar it Frysk

Opinystik Friesch Dagblad 17 oktober 2012

Annigje Toering 2012 05   

Yn de sydline fan de grutte brân yn Boazum binne der op'e nij problemen mei in oerheidstsjinst, yn dit gefal de Noardelike Meldkeamer fan 112, dy't de taal fan de Frysktalige boarger net ferstiet en begrypt.

 

Gean hjir nei it opinystik as *.pdf

  

Annigje Toering, FNP wurdfierder Bestjoerlike Saken, Feiligens en Fryske Taal

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

Dit is net in ynsidint, der binne al mear foarbylden  fan hoe 't it misrinne kin at de meldkeamer in needoprop net ferstiet. Wat is der eins te rêden mei dy skaalfergrutting fan oerheidstsjinsten? Wêrom moat de Frysktalige boarger him yn de opfetting fan guon  mar oanpasse oan de taal fan de Steat? De Nederlânske naasje, dy 't  him sels graach sjocht as in foarbyld  foar oare lannen oangeande de  tolerânsje ten oansjen fan oarstinkenden en minderheden. Datselde Nederlân liket in part fan syn eigen boargers te ferjitten.

 

Om te begjinnen: it is in misbegryp dat de taalrjochten foar de kommunikaasje yn it Frysk tusken boarger en oerheid noch befochten wurde moat. Dy rjochten binne al lang fêstlein yn de Algemiene Wet Bestjoersrjocht en de Wet frysk yn it Rjochtsferkear. De Frysktalige boarger yn Frysl6an kin him yn it Frysk rjochtsje ta syn gemeentehûs, de belestingtsjinst of de rjochtbank. Itselde jildt foar selsstannige bestjoersorganen lykas it Kadaster, it Boetekantoar of it UWV. 

 

It giet mis yn de praktyk, op it stuit dat troch skaalfergrutting de tsjinst net langer yn Fryslân sels festige is, of út Fryslân wei in folle grutter wurkgebiet betsjinnet. Oerwagings fan doelmjittigens, effisjinsje en bestjoerlike behearsberens binne meastentiids de oanlieding om in oerheidsynstelling op te skalen. Sa krigen wy ien Noardlike Meldkeamer foar Grins, Fryslân en Drinte. De skaalfergrutting is oars noch net dien, want nei de gruttere feilichheidsregio sit der ek noch in nasjonale plysje-organisaasje yn it fet.

 

Yn de drang ta doelmjittigens en effisjinsje is it mei opskalen it Frysk taalbelied net de earste prioriteit fan bestjoer en management. Amtners wike, om't der gjin belied of protokol fêstlein is,  ôf fan de haadregel fan de wet (hat it rjocht om yn it Frysk mei de oerheid te kommunisearjen) en freegje de Frysktalige boarger om te skeakeljen yn it Nederlânsk. Sa ûnstiet der in stilswijende praktyk dêr't gjin belied ûnder leit. Oerheidstsjinners binne dan ek nochris grutbrocht mei de oerhearskjende noarm dat de taal fan de oerheid yn Nederlân it Nederlânsk is.Fergetten wurdt dan dat it Frysk ek in erkende lykweardige taal yn ús lân is. De opskaling en ferhuzing fan in organisaasje jout dan it lêste setsje.

 

De boarger moat yn in emosjonele needsitewaasje sa wol hiel sterk yn'e skuon stean om troch te freegjen nei in amtner dy't him yn it Frysk te wurd stean kin. En sa wurde bewust of ûnbewust troch de tsjinst de grinzen en útsûnderingen fan de wet opsocht.

 

De praktyk yn oare West-Europeeske lannen bewiist dat it ek oars kin. In meartalige ‘civil service' is feitlik hiel gewoan. De omgong fan de oerheid mei de libbene taal fan it folk hat dêr folle mear in positive ynstek.  Yn it behearsmjittige effisjinsje-tinken fan de manager wurdt de taaiheid fan de kulturele komponent, de maatskiplik binende faktor dy't sa'n taal foarmet meastentiids ûnderskat. It hat net folle doel om in libbene taal fan oerheidswege te ûntmoedigjen. Nee, krekt oarsom, hjir moat de oerheid út syn tsjinstbere rol wei nei sjen.

 

De reaksje fan de ferantwurdlike korpsbehearder Ferd Crone jout oan dat men op dit stik fan saken de omslach op bestjoerlik nivo wol makke hat: ‘Taalrechten moeten worden geëerbiedigd, de wet moet worden nageleefd en de landelijke component van 112 moet ook blijven functioneren'. Dat is posityf.  De organisaasje sil him bûge oer in tal scenario's om in goede omgong mei de taal fan de boarger praktysk hannen en fuotten te jaan.  Dy ‘landelijke component' (de 112 oproppen fia mobile tillefoan, dy't op dit stuit al trochskeakele wurde út in lannelike sintrale yn Driebergen wei) freget  om in technyske of organisatoaryske oplossing, dy't faaks heaks stiet op it effisjinsje tinken dat heart by in nasjonale skaal.

 

It folstiet grif net om in Fryske taalknop yn in tillefoansintrale te meitsjen.

Wy moatte ek tinke oan de organisaasje efter dat tillefoannûmer. Dy moat ek weet ha oer hoe 't it lân der letterlik hinne leit,en sil mei de frysktalige plak- en strjitnammen omgean kinne moatte  Yn feite giet it om de taalhâlding fan it gehiel: bestjoer, de amtlike lieding en de meiwurkers. Mocht de Fryske Feilichheidsregio mei de Noardlike Meldkeamer ta in oplossing komme, dan kin it keazen scenario in foarbyld wêze foar oerheden en tsjinsten dy't ek mei in opskaling dwaande binne. Dat is nedich, omdat de nije Taalwet dy't kommende weis is, alle oerheidstsjinsten dy't harren wurkgebiet (foar in part) yn Fryslân hawwe, sa'n belied foarskriuwt. Dan is it in kâns foar de Frysksprekker, as der goede best practices binne yn stee fan taalstriid.

 

De  konklúzje kin wêze dat de oerheid yn syn drang nei doelmjittigens en effisjinsje op nasjonale skaal yn de praktyk maklik oer de taal fan in nasjonale minderheid hinne wâldet. Deselde oerheid dy't him nasjonaal en ynternasjonaal ferbûn hat om op te kommen foar de rjochten fan dyselde minderheid, yn dit gefal de Friezen. Der lizze ek kânsen foar de Nederlânske oerheid. Nettsjinsteande de ôfstân ta de boarger dy't ûntstiet mei de skaalfergrutting, is it noch mooglik om te kommen ta in civil service dy't echt tsjinstber is. Troch rjocht te dwaan oan de Frysktaligen yn dit lân kin in part fan de kleau mei de boarger tichte wurde.

 

Eins jildt hjir noch hieltyd de útspraak fan de ferneamde abbekaat Abel Herzberg oan it ein fan syn pleit foar Fedde Schurer by Kneppelfreed yn 1951: ‘Men zegt, nu zitten we met een taalprobleem. Hebben we geen zorg genoeg?. Laten we blij zijn met dit probleem. Het behoort tot' t mooiste dat een levend volk hebben kan.'

 

 

Annigje Toering

Fraksjefoarsitter FNP

 

 

 

Dizze tekst is publisearre as Opinystik yn it Friesch Dagblad fan 17 oktober 2012



Downloads:
Opinystik fd 17 okt 2012 - opskalen oerheidstsjinsten


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer