NIJS   22-10-2012


10 jier Stifting 'Behoud Witte Kerk Hemrik'

FNP stipet werbestimming frijkommende Fryske tsjerken

 Auke 2011 lyts  

By gelegenheid fan it 10-jierrich bestean fan de stifting "Behoud Witte Kerk Hemrik" wie der op 12 oktober in minisympoasium yn dizze tsjerke.

 

Auke Bijlsma, Earste Opfolger - Kommisjelid Boarger en Mienskip 

 

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 Foar f. 1.00 hie dizze stifting yn 2000 de tsjerke oernommen mei as doel om dit karakteristike gebou foar it doarpsbyld te behâlden en, om ynkomsten foar it jierlikse ûnderhâld te generearjen, der kulturele aktiviteiten te organisearjen. Dit lêste slagget tige goed mei sa'n 18 kulturele aktiviteiten (muzyk, sang, keunst, literère jûnen, ensfh.) en ek wurdt de tsjerke ynsidenteel noch brûkt foar preek- , rou- en troutsjinsten. Sûnt 2002 is de tsjerke as sadanich yn gebrûk.

 

By it minisympoasium presentearre Peter Karstkarel syn rapport "Tink om de tsjerken" en waard der diskussearre oer de werbestimming fan frijkommende tsjerken yn Fryslân mei eins de sintrale fraach: hoe gean jo op in ferantwurde wize om mei de tsjerken as dy as sadanich net mear brûkt wurde (kinne). Dat dit noch tige dreech lizze kin die ek bliken yn de foarumdiskusje mei Peter Karstkarel, Jan Doede Niemeijer (stifting Alde Fryske Tsjerken), Gerrit Groeneveld (PKN) en Zwiert Mansens (foarsitter "Stichting Cultuur Witte Kerk Hemrik").

 

De oanwêzigen bestiene út belangstellenden fan De Himrik en omlizzende doarpen, mar ek út de rest fan de provinsje wiene der belangstellenden. Lykwols wie fan Provinsjale Steaten allinnich de fraksje fan de FNP fertsjinwurdige.

 

Witte Kerk Hemrik lyts 
 It Wite Tsjerkje fan de Himrik leit yn in prachtige omjouwing



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer