NIJS   02-11-2012


Regearakkoart 'bile oan de woartel fan Fryslân'

Opleine skaalfergrutting bûten de Rânestêd gjin goed resept

 Annigje Toering 2012 05  

De FNP is  min te  sprekken oer it plan fan de nije Haachske koalysje  om gemeenten en provinsjes op te skalen. It regearakkoart is dêrmei ‘de bile oan de woartel fan Fryslân' neffens de FNP. De partij sjocht ek positive punten, lykas it ûnderbringen fan it Wetterskipsbestjoer by de Provinsje en de keazen boargemaster en Kommissaris fan de Keninginne.

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

It falt fraksjefoarsitter Annigje Toering ôf dat Haachske partijen hieltyd wer begjinne oer skaalfergrutting fan gemeenten en provinsjes. Foar hokker probleem is dat in oplossing? Dat wiist der op dat de Haachse partijen en har keazen leden folslein net op ‘e hichte binne mei de sitewaasje yn de rest fan Nederlân. Faaks kin de bestjoerlike spagetty yn de Rânestêd troch opskalen fermindere wurde, mar it is gjin goed resept foar de rest fan Nederlân, seit Toering. Yn it stribjen nei effisjinsje giet de nije koalysje folslein foarby oan de kulturele bining dy't de boarger hat mei provinsjes lykas Fryslân, Limboarch of Seelân. In opleine gemeentlike weryndieling mei mear as 100.000 ynwenners wiist de FNP ek skerp ôf. ‘Dat past hielendal net by aard, skaal en karakter fan ús provinsje. Sa reitsje wy hieltyd mear kwyt en wy krije der neat foar werom!'

 

De FNP is fierder net bliid mei it trochsetten fan it plan om de regionale omroppen, lykas Omrop Fryslân, ûnder te bringen by de lanlike stjoerders en dêr tagelyk grouwélich op te besunigjen. Toering: ‘Sa wurdt de takomstige ûntwikkeling fan de Omrop ta in alsidige stjoerder yn de Twadde Rykstaal frustreard. Wy wolle foarút yn stee fan efterút en wy redenearje dêrby net út de sinten wei mar út de wichtige maatskiplike funksje fan de Omrop foar alle Friezen yn en bûten Fryslân.' Nei alle gedachten sil de miljoenekoarting by Omrop Fryslân mear as fyftich  banen kostje. Oer de wetlike ferplichtingen fan it Ryk foar de Fryske Taal en Kultuer wurdt yn it regearakkoart mei gjin wurd rept; dat fynt de FNP in faai teken: ‘Soks is, mei in opleine bestjoerlike skaalfergrutting, de bile oan de woartel fan Fryslân.'

 

De FNP sjocht ek positive punten yn it regearakkoart. Dat it Ryk no dochs de Ekologyske Haadstruktuer (EHS) dien meitsje wol, falt binnen de partij goed. Ek de finansiering fan lokale partijen neffens deselde spulregels as de lanlike polityk krijt ynstimming. De FNP is tige bliid dat de keazen boargemaster en Kommissaris fan de Keninginne der no lykje te kommen. Lyksa de âlde winsk om it bestjoer fan it Wetterskip by de Provinsje ûnder te bringen. Dat kin omdat de wetterskippen út de grûnwet helle wurde.



Downloads:
Bruggen slaan - regeerakkoord 2012


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer