NIJS   06-11-2012


Doch ûndersyk nei treinferbining Harns-Hamburg

De FNP wol graach dat it besteande spoar fan Harns fia Grins en Leer nei Hamburg better benut wurdt. Yn stee fan stoptreinen en oerstappen moat de mooglikheid fan in trochgeande ferbining ûndersocht wurde. Dat is goed foar toeristen dy't nei de Waadeilannen wolle en de haven fan Harns, mar ek foar studinten yn Ljouwert en Grins, en foar minsken dy't fia Bremen of Hamburg fleane wolle nei alle rjochtingen yn Europa.

"Wêrom gjin ferbining tusken beide Fryslannen?" (Sybren Posthumus oer de treinferbining nei Hamburg)

De FNP komt woansdei mei in moasje yn de Steaten om de trochgeande ferbining fan Harns nei Hamburg te ûndersykjen. Dit omdat Grinslân no al dwaande is mei in ûndersyk foar in flottere spoarferbining fan Grins mei it Noard-Dútske efterlân. It liket de FNP foar de ynternasjonale berikberens fan ús gewesten logysk dat in trochgeande treinferbining mei dêrby de oriëntaasje op Noard-Dútslân en de oare Fryslannen, mei Fryslân derby ûndersocht wurdt. De moasje past yn it program fan de FNP, dat de berikberens fan Fryslân mei it iepenbier ferfier wêr mooglik ferbetterje wol.

 

It giet neffens FNP wurdfierder Sybren Posthumus net om djoere ynvestearringen yn nij spoar, mar om in bettere tsjinstregeling en benutting fan it besteande spoar mei lytse oanpassingen. Sa sille der op dit stuit al mear treinen ride op de ferbining fan Grins nei Leer. Lykwols troch de hiele spoarline fan Harns-Haven oant Hamburg as ien ferbining te besjen, kin it mooglik yn de takomst ta op in sneltrein dy't net út Grins of Ljouwert wei werom rydt, mar troch giet. De reistiid fan Harns nei Hamburg, mei de trein no 7 oeren, soe dêrtroch ek foars nei ûnderen kinne, sa is de FNP fan betinken.



Tags: Ferfier yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer