NIJS   08-11-2012


De earste kear ....

Sybren Posthumus oer de Steaten fan 7 novimber 2012

 Sybren 2011 lyts  

 

As minsken (werom-)tinke oan ‘de earste kear' dan ropt dat allegear gefoelens op. Spannend, moai, of krekt teloarstellend. Foar my wie 7 novimber de earste kear dat ik foar de FNP yn de Steaten de begruttingsgearkomste ‘dwaan' mocht.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes 

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

Al foar de simmerfakânsje wienen wy as fraksje mei de tariedings begûn, hokker ûnderwerpen soenen wy ynbringe wolle. Wy hawwe sels in planning makke wat wy wannear beprate soenen. Fan breed nei smel.  Fansels hawwe wy ús ek breder oriëntearre troch wurkbesites ôf te lizzen en troch oare kontakten mei ynwenners of bedriuwen yn ús provinsje.

 

Uteinlik hat dat resultearre yn in tal moasjes dy't meastentiids yn de mande mei oare partijen yntsjinne waarden. Op de dei dat ik dit skriuw kin ik konstatearje dat it fertuten dien hat: alles oannommen of oernommen troch it Kolleezje! In oersjoch (lytse greep):

  • - € 150.000 foar útstjoerings fan Omrop Fryslân fia de satellyt én twa ton foar in nije Frysktalige dramasearje;
  • - In ûndersyk nei in folle flottere treinreis fan Harns oer Ljouwert en Grins nei Hamburch;
  • - It oanstean op bettere wetterôffier en befarberens fan de lytsere fearten yn Fryslân;
  • - Neitinke oer de takomst fan it NUON-fermogen yn it ljocht fan maatregels fan it nije regear (wet HOF en Schatkistbankieren);
  • - Jild foar de dassetunnel ûnder de N359 en foar ferkearsknipepunten yn Littenseradiel;
  • - Stipe foar maatregels bedriuweterrein Hallum;
  • - In miljoen euro foar lytskalige maatregels duorsume enerzjy

Uteraard bouwe jo yn 't foar, foar sa'n dei, in beskate spanning op. Mar it skynt dat dat bytsje ekstra adrenaline jo ek stipet om krekt dan op skerp te stean. Mei tanksy de oare fraksjeleden en Yde en Janke hawwe wy it oprêden. Alles mei alles: in goed gefoel.



Downloads:
FNP ynbring begrutting 2013


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer