NIJS   09-11-2012


Luctor et emergo

De FNP op it 3e Nasjonale Deltakongres yn Rotterdam

visser 1   

Mear as 1700 besikers, tsientallen promininte sprekkers en tal fan nijsgjirrige wetterûnderwerpen. Dat wie it byld op it 3e Nasjonale Deltakongres yn Rotterdam.  

 

Jan Visser

FNP wurdfierder Wetter

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

Oan de iene kant in parade mei lju fan kwizekwânsje, elk mei de bêste bedoelings yn de striid tsjin it wetter. Mar as politikus wie it foaral in dei om ideeën op te dwaan, in dei om te netwurkjen met bekenden út oerheid, bedriuwslibben en wittenskip.  

 

Oerstreamingskânsen op de waadeilannen, de krapte oan swiet wetter foar de lânbou of de ‘trochstart' fan de sânmotor foar de Warkumer kust, allegearre aktuele saken dy ‘t oare fraksjes eigenlik net misse mochten. Ut Fryslân wei wie de FNP der teminsten al by.

 

Wat it swiet wetter oanbelanget, in ferheging fan it wetterpeil op de Iselmar mei oardel meter is definityf fan de baan. De yngripende oanpassings hawwe yn súdwest Fryslân foar in skrikbyld soarge.  Om ek yn de takomst droege fuotten te hâlden moatte de seediken en de dunen op de waadeilannen fersterke wurde. No al is bekend dat 130 kilometer waadkust net foldocht oan de feilichheidsnoarmen.

 

Fansels moatte de Friezen derfan op oan kinne dat it Ryk garant stiet foar ús wetterfeiligens. Mar bart dat dan ek yn Fryslân? De nije ryksnoarmen steane yn tinbefolke gebieten ommers in gruttere oerstreamingskâns ta. Is Wierum minder wichtich as Wassenaar? ‘Slachtofferrisicoanalyses' en ‘ekonomysk belang', dat wurde kennelik  de nije biedwurden. De kommende jierren sil de FNP tige wach wêze op de kwaliteit fan ús wetterkearings. De kosten dêrfan moatte safolle mooglik droegen wurde troch alle wetterskippen mei elkoar, dat heart by ús kearnwearde 'solidariteit'.

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer