NIJS   23-11-2012


De perfekt opskaalde oerheid

FNP opinystik oer D66-plannen mei lânsdielen

 Annigje Toering 2012 05  

De FNP tinkt  dat yn eigen krêft de kaai foar de takomst fan Fryslân stekt. Moai dat D66 dat no ek fynt. It is lykwols folslein ûndúdlik wêrom en hoe D66 de Fryske identiteit, taal en kultuer dan tinkt te befoarderjen mei in struktuerdiskusje oer lânsdielen. De libertijnen geane yn harren jacht nei in effisjente oerheid foarby oan de wearde dy't de Fryske mienskip hechtet oan in eigen Provinsje Fryslân.

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

Yn 2010 hawwe de  Fryske Steaten unanym útsprutsen dat Fryslân as selsstannige provinsje net oantaast wurde mei. De Steaten seinen ek dat de provinsje syn eigen belestingdomein hâlde moast. Ommers, sûnder eigen ynkomsten binne jo net mear as in útfieringsloket fan it Ryk. As tredde punt stelden de Steaten dat Fryslân as bestjoerlike ienheid needsaaklik bliuwt om effektyf op te kommen foar de Fryske identiteit en de belangen fan de Frysktaligen. Dizze moasje foarmet de basis foar it provinsjale belied fan hjoeddedei.

 

It nije regearakkoart rept no fan it opheffen fan de provinsjes. Sûnder ek mar in oanwizing oer de reden.  Foar hokker probleem is it  opskalen fan provinsjes en gemeenten no eins in oplossing? De provinsjes soene yn it plan ek har eigen ynkomsten kwyt reitsje. En oer it opkommen foar de rjochten fan de Friezen as nasjonale minderheid wurdt net mear rept. It haadargumint liket  it stribjen nei in effisjenter lânsbestjoer.

 

Der liket in grutte ôfstân te bestean tusken dit abstrakt-intellektuele effisjinsjetinken en it fielen fan de Fryske mienskip. Dat tinken giet der oan foarby dat foar  fierwei de measte ynwenners der wol deeglik in keppeling bestiet tusken dy Fryske identiteit en it bestean fan in eigen provinsje Fryslân. Frysktaligen likegoed as oarstaligen. Ek yn de skiednis sjogge wy dat de ynwenners fan dit gewest in stik eigenwearde ûntliene oan it bestean fan in eigen polityk-bestjoerlike ienheid. Dat poetst D66, as stille gedoochpartner fan it nije kabinet op it stik fan bestjoerlike opskaling, net sa mar wei.

 

Mei in moasje besocht D66 yn de Steaten om de diskusje oer Fryske identiteit en taal los te keppeljen fan it fuortbestean fan in selsstannige provinsje. Se krigen allinnich stipe fan dy oare libertijnske partij, Grienlinks.

 

De FNP sjocht takomst foar in sterke provinsje, in werkenber bestjoer foar de Fryske boarger. In Provinsje-Plus dy't yn goed oparbeidzjen mei de Fryske mienskip en de gemeenten syn taken útfiert. Tagelyk wurket de FNP oan in takomst foar Fryslân as regio yn Europa. Mei mear eigen finansjele middels en mear foech oer de regionale ekonomy en oare saken dêr't jo desintraal skoan sels mei rêde kinne. Foarbylden genôch yn Europa dat soks wurket. It doel is úteinlik minder sintralistysk  Haachsk bestjoer en mear kwaliteit en romte om sels saken) te regeljen..

 

Der is it nedige ôf te dwaan oan de ratio fan dy sabeare effisjinsje fan opskaalde oerheidsynstânsjes.

De foarspegele effisjinsjewinst is  tige twifeleftich. Ut resint ûndersyk fan de Ryksuniversiteit yn Grins docht bliken dat it gewoan net wier is dat opskaalde oerheden goedkeaper binne.Se binne gewoan folle djoerder en ha mear problemen mei it kontakt mei de boargers. Foarsjenningen moatte dêrom noch fierder fuortbesunige wurde. It liket dêrom tige ûnferstannich dat it nije kabinet dizze ‘winst' no al yn syn begrutting ynboekt hat. It is dus bestjoerlik en finansjeel in lange termyn projekt mei in tige ûnwisse útkomst.

 

Wat de bestjoerskrêft oangiet: de linen binnen sokke organisaasjes wurde perfoarst net koarter. Sjoch mar nei de problemen mei de opskaalde feilichheidsregio's (Haren !). Sokke molochs binne foar in gewoan mins, boarger of meiwurker, net mear te oersjen. De demokratyske legitimaasje en de rekrutearingsbasis fan it iepenbier bestjoer sille wy it mar hielendal net oer hawwe. De ôfstân mei de boarger wurdt te grut en de basis te smel.

 

In sterk punt fan Fryslân is no krekt dat de boarger troch syn  histoarje, taal en kultuer noch in sterke bining en identifikaasje mei ús provinsje hat. Fryslân kin oars ek net sa mar opheft wurde troch de Haachske polityk. Om de Friezen as nasjonale minderheid binnen Nederlân te beskermjen tsjin de macht fan de Oerheid en de Haachske politike mearderheid, hat de Nederlânske Steat Europeeske ferdraggen tekene. Dy moatte it fuortbestean fan in aparte provinsje foar de Friezen garandearje.Dat soe in pro Europeeske partij as D66 dochs oansprekke moatte. Dêrmei hat de Steat de regels fan it spul bepaald, en de keppeling  fan de Fryske identiteit en taal mei in eigen bestjoerlike ienheid fêstlein.De provinsje Fryslân  is dêrmei de earstferantwurdlike oerheid foar it domein taal en kultuer, njonken it  Ryk.

 

De arguminten foar it opheffen fan provinsjes lykje sa hieltyd swakker. Eins bliuwt der as basis fan dy hiele perfekt opskaalde oerheid net mear oer as in soarte fan leauwen, te fergelykjen mei it heil dat de privatisearing fan iepenbiere tsjinsten ús bringe soe yn it publike domein.

 

Der is hielendal gjin ferlet fan ivige binnenlânske struktuerdiskusjes yn dit lân. En wat Fryslân oangiet: de blik moat nei bûten, nei Europa yn stee fan nei De Haach. Yn Europa leit de takomst fan in selsbewuste provinsje Fryslân mei in eigen bestjoer,dy't iepen stiet nei de wrâld.

 

 

Annigje Toering

Fraksjefoarsitter FNP yn de Fryske Steaten

 

 

 

 

Dizze tekst is ek publisearre as opinystik yn it Friesch Dagblad fan 22 novimber 2012



Downloads:
Fd opinystik 22 nov 2012 - de perfekt opskaalde oerheid


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer