NIJS   04-12-2012


FNP: grutte soarch oer risiko's nije 380 kV heechspanningslieding

Greidefûgelgebieten oer de kop en effekten elektromagnetyske fjilden

visser 1   

 

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oer de nije 380 kV heechspanningslieding dy't dwers troch Fryslân oanlein wurde sil. In brede strook lân giet dêrfoar jierrenlang oer de kop. De FNP makket him bot soargen oer de effekten op greidefûgelgebieten en oer de ynfloed fan de elektromagnetyske fjilden op de folkssûnens.

 

Jan Visser

FNP wurdfierder Romtlike Oardering

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

FNP wurdfierder Jan Visser wol fan deputearre Hans Konst witte wat de Provinsje ôfpraat hat yn it foaroerlis mei inisjatyfnimmer Tennet en it Ryk. De FNP freget him ôf oft der ek betingsten steld binne oer it trasee fan de heechspanningslieding, oer de skea oan natuer en lânskip, de skea foar de boeren en omwenners, de effekten op de folkssûnens en de kommunikaasje mei de streek.

 

De FNP krijt sinjalen dat men it net akseptabel fynt dat it lân sa lang oer de kop moat. Der komme tydlike wurkwegen en betonfundearrings en nei it yn gebrûk nimmen fan de nije lieding moatte de âlde heechspanningsmêsten ek noch ôfbrutsen wurde. Grûneigeners kinne hjir in fergoeding foar krije, mar jo kinne wol begripe dat greidefûgelgebieten dêr't it trasee troch hinne rint foar lange tiid fersteurd wurde, sa stelt Jan Visser. Wat dogge wy dêr oan?

 

In soad ynwenners meitsje har soargen oer de risiko ‘s en effekten fan de magneetfjilden fan de heechspanningslieding op de folkssûnens.  Neffens it Ryk sille benammen lokaasjes mei bern lykas wenningen, skoallen,  kresjes en berne-opfang plakken "zo veel als redelijkerwijs vermeden worden." De FNP wol witte oft it Fryske kolleezje fan DS ynsjoch hat yn al dizze knyppunten. De partij soe eins wolle dat de Provinsje tsjinoer Tennet en it Ryk aktyf opkomt foar de belangen fan de Fryske befolking en de Fryske natuer. It moat mear wêze dan allinnich de romtlike kwaliteit.



Downloads:
FNP skriftlike fragen 380 kv heechspanningslieding
Antwurd op FNP fragen 380 kv heechspanningslieding
Bijlage antwurd op FNP fragen 380 kv heechspanningslieding


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer