NIJS   10-01-2013


Soarch oer wurkgelegenheid Rykskantoaren Ljouwert

Nei Iepenbier Ministearje no ek banen fuort by CJIB en Belestingtsjinst ?

 Sybren 2011 lyts  

 

Nei it oankundige ferlies fan 60 banen by it Iepenbier Ministearje sille der mooglik ek by it CJIB en de Belestingtsjinst yn Ljouwert banen ferdwine. Dat docht bliken út fragen fan de Steatefraksje fan de FNP oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes 

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

De FNP krijt sinjalen dat in fermindering fan banen yn Ljouwert taret wurdt fanwege de krimp en reorganisaasje by de Rykstsjinsten. De soargen fan de FNP wurde neffens wurdfierder Sybren Posthumus breed dield. Hy wiist der op dat in fierder ferlies fan heechweardige wurkgelegenheid in gefoelige klap foar Ljouwert as kantoare- en tsjinstestêd betsjutte sil. ‘De Fryske haadstêd is nota bene in pear jier lyn noch oanwiisd as ien fan de oerbliuwende konsintraasjekearnen foar Rykstsjinsten. Krekt yn dizze krisistiid moatte wy alle war dwaan om de minsken hjir oan it wurk te hâlden.'

 

Posthumus wol fan it Kolleezje witte hokker tsjinsten en wurkgelegenheid der op dit stuit noch binne. In oare fraach is oft it Kolleezje de ferûntrêstende sinjalen út organisaasjes lykas CJIB en Belestingtsjinst ek trochkrigen hat. De FNP freget yn dat ramt ek nei de kontakten mei de ferskate direksjes en leden fan it kabinet, wêrûnder de nije Minister voor Wonen en Rijksdienst.  De partij wol witte hokker garânsjes Fryslân ûntliene kin oan eardere ôfspraken oer de sprieding fan Rykstsjinsten en de status fan Ljouwert as Rijkskantorenstad.



Downloads:
FNP skriftlike fragen wurkgelegenheid rykstsjinsten ljouwert
Antwurd op fragen wurkgelegenheid rykstsjinsten


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer