NIJS   26-01-2013


Fryslân ek by oerlis skea gaswinning

Ierdbevings en boaiemdelgong beide gefolch fan winning NAM

visser 1   

 

De FNP wol dat deputearre Poepjes oanskoot by it oerlis oer de skea troch de gaswinning mei minister Kamp nije wike yn Grinslân. It makket foar de boarger ommers net út oft skea troch ierdbevings of stadige boaiemdelgong komt. Ek yn Fryslân is der skea troch gaswinning fan de NAM. Dat stelt de partij yn fragen oan it Kolleezje fan DS.

 

Jan Visser

FNP wurdfierder Mynbousaken

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

Wurdfierder Mynbousaken Jan Visser fan de FNP Steatefraksje wiist op de moasje dy't de Fryske Steaten begjin 2012 oannommen hawwe. De partijen stelden doe dat in finansjele kompensaasje of in oandiel yn de gasbaten foar de regio rjochtfeardige is. It Kolleezje hat doe tasein in aktive lobby te fieren om dit klear te krijen. De FNP fynt de besite fan minister Kamp oan Grinslân nije wike útsoarte in goede gelegenheid om dizze lobby te fieren.

 

Neffens Visser makket it prinsipieel net út oft de skea troch gaswinning ynienen troch in ierdskodding of troch stadige boaiemdelgong ûntstiet. Ek yn Fryslân is de NAM aktyf.  It giet oars net allinnich om de NAM, stelt de FNP, mar ek om de lytse gasfjilden fan oare maatskippijen. Ek dêr is bytiden sprake fan slimme boaiemdelgong lykas by Frjentsjer of ierdbevings lykas by Alkmaar.

 

De FNP wol dat alle regio's mei gaswinning meiprate en dat skea troch sâltwinning en oare djippe mynbou itselde behannele wurdt as skea troch de gaswinning. De partij werhellet syn pleit om de Mynbouwet oan te passen mei in omkearde bewiislêst, wêrby net de boarger mar de mynboumaatskippij de juridyske bewizen leverje moat.



Downloads:
FNP skriftlike fragen lobby kompensaasje skea gaswinning en gasbaten
Brief minister kamp oan twadde Keamer oer ierdbevings
Antwurd op FNP fragen lobby kompensaasje skea gaswinning en gasbaten


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer