NIJS   28-01-2013


FNP noch altyd tsjin 4-baans Sintrale As

Mearderheidsbeslút yn Steaten net werom te draaien

Annigje Toering 2012 05   

 

Doeke Fokkema giet yn syn Te Gast oer de Sintrale As (LC 18 jannewaris 2013) op 'e rin mei de wierheid. Syn eigen pleit oer prinsipes yn de polityk komt sadwaande net sterk oer.

 

Annigje Toering, foarsitter FNP Steatefraksje

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

De FNP hat fan begjin ôf oan tsjin de 4-baans Sintrale As west dy't no oanlein wurdt. Yn 2005-2006, lang foar de saneamde Griene As, hat de FNP al in eigen alternatyf yn de Steaten brocht. Dat alternatyf wie better foar it lânskip en like goed foar de leefberens fan de doarpen en de ferkearsfeiligens. Us miening is net feroare. Lykwols de FNP is in demokratyske partij. In nommen mearderheidsbeslút kinne wy net weromdraaie. Dat beslút wie al lang nommen foar de lêste Steateferkiezings.

 

Fokkema giet dus mei de feiten op 'e rin as hy suggerearret dat de Sintrale As in bepalend punt wie by de ferkiezings yn 2011. It is ek net wier dat it stânpunt oer de Sintrale As ús safolle stimmen oplevere dat de oare partijen by de kolleezjefoarming net om ús hinne koene. De FNP seit oer de grutte projekten yn syn ferkiezingsprogram: ‘Mei de grutte projekten dy't no yn útfiering komme, is de Fryske wegestruktuer fierhinne op streek.'  De Sintrale As wie doe al in gegeven.

 

De FNP hat perfoarst noait sein dat wy de Sintrale As weromdraaie soene. De FNP hat wol wat sein oer oare projekten  dy't hjirnei noch komme: 'By de oanlis fan nije wegen moat skerper sjoen wurde nei nut en needsaak. It giet om de maatskiplike kosten en baten....De ôfwaging mei romte en lânskip is ek fan grut belang foar de FNP'. Dêr wurkje wy no yn it Kolleezje oan troch natuer én mienskip in plus te jaan yn it gebietsproses om de  As hinne.

 

Om in Steatebeslút fan 2006 werom te draaien wie de stipe fan oare partijen nedich, benammen fan de PvdA en it CDA. Om't ek de opposysjepartijen VVD en ChristenUnie fêsthâlde oan de 4-baans Sintrale As, is yn de Steaten op dit stuit noch hieltyd  in grutte mearderheid foar de útfiering it âlde beslút. De FNP hat dus hielendal net de kaai yn hannen, dat is ek in ferkearde foarstelling fan de feiten. Oaren hiene earst in stap sette moatten.

 

De suggestje dat de FNP as kolleezjepartij fierder wol eefkes de nommen besluten fan de mearderheid werom draaie kinne en wolle soe, is der hielendal fier by troch. Dat giet yn tsjin alle demokratyske kearnwearden fan ús partij. De ledegearkomste hat it program sa fêststeld en opdracht jûn om te besykjen mei te draaien yn it Kolleezje. Saken weromdraaie koe net en wie ek net it doel. It doel wie ek net om út de ûnderhannelings te stappen fanwege ien punt dat al lang yn de Steaten útiten wie, en dêr't de FNP net de trochslach joech en jout. De suggestje fan bedroch smite wy dus fier fan ús. Ten ûnrjochte projektearret Fokkema syn eigen teloarstelling yn de polityk no op de FNP.

 

 

Annigje Toering, foarsitter FNP Steatefraksje

 

 

Dit artikel is earder publisearre as Te Gast yn de Ljouwerter Krante fan 26 jannewaris 2013

 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer