NIJS   30-01-2013


Fryslân net yn'e tange fan it Ryk

Frijheid gemeenten en provinsjes slim oantaast troch finansjeel akkoart mei kabinet

 Sybren 2011 lyts  

De gemeenten en provinsjes, feriene yn VNG en IPO, hawwe in nij finansjeel akkoart sletten mei it Ryk oer it Skatkistbankieren, it BTW-kompinsaasjefûns en de Wet HOF (Houdbare Overheidsfinanciën). It akkoart kostet Fryslân al gau € 16 miljoen op jierbasis. De ynhâldlike konsekwinsjes soenen dêrtroch gigantysk wêze.  It akkoart is fierder in útholling fan de lokale demokrasy en -beliedsfrijheid en der wurdt geweld dien oan it útgongspunt fan subsidiariteit.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

It is ûnbegryplik wat der tusken oktober ferline jier en jannewaris bard is. Yn goed trije moanne tiid hawwe benammen VNG en IPO in hiele grutte draai makke. Op en foar it IPO-kongres yn Ljouwert, 3 oktober, makke foarsitter Johan Remkes noch tsjettelmusyk en sloech - folslein terjochte- hurd op de tromme oangeande de plannen fan it Ryk mei de saneamde ‘legere' oerheden. De ideeën fan it eardere kabinet Rutte-1 oangeande ûnder oare de Wet-HOF en Skatkistbankieren waarden troch Remkes betitele as ‘gelegaliseerde diefstal'. De beide útstellen wienen neffens VNG en IPO  ek yn tsjinspraak mei it Europeesk Hânfêst foar lokale autonomy, dat nota bene troch Nederlân sels ek noch tekene en ratifisearre is! Op it IPO-kongres ferkundige Remkes as foarsitter dat er alles yn it wurk stelle soe om de driigjende útstellen te kearen. Yn ferskate dokuminten waard oankundige dat in gong nei de heechste bestjoersrjochter, mooglik sels Europeesk, net útsluten waard.

 

In pear wike letter (novimber) lykwols kaam der in nij kabinet.  It PvdA-VVD regear hanthavene de beide útstellen en kaam boppedat ek noch mei it útstel om it BTW-kompinsaasjefûns ôf te skaffen. Fryslân wie fan doel om mei IPO en oare provinsjes op te arbeidzjen om de ûnsillige plannen fan tafel te heljen. Lykwols, ôfrûne wike lei der samar in akkoart tusken VNG, IPO, de wetterskippen en it Ryk.  De ûnderhannelings tusken de partijen wienen benammen in VVD-spultsje: sawol Jorritsma fan de VNG, Remkes fan IPO as en steatssiktaris Weekers fan Finânsjes binne lid fan de VVD.  It skynt dat nei't 7 provinsjes akkoart wienen it nijs gauëftich nei bûten ta brocht is om de oare provinsjes te oerbluffen.  

 

Fansels freegje finansjele swierrichheden om in bydrage fan alle oerheden en organisaasjes of persoanen dy't dat betelje kinne. Lykwols, de provinsje Fryslân en oare oerheden betelje fia de saneamde ‘trep op-trep ôf' systematyk har bydrage al mei. It probleem mei de foarlizzende maatregels is dat Fryslân net allinnich finansjeel swier troffen wurdt, mar benammen dat alle jild ferplicht by it Ryk belein wurde moat en dat de frijheid om te ynvestearjen tige beheind wurdt. En dat de provinsje Fryslân, dy't it finansjeel altyd prima foar elkoar hân hat, no bliede moat foar finansjeel wanbestjoer fan ‘Den Haach' . As gemeenten ferplichte waarden jild te lappen omdat de provinsje yn de problemen rekke wie, soe der in wiere opstân útbrekke.  Den Haach is spookbenaud  om oan it finansjele keatling fan Brussel te kommen, mar docht ûnderwilens itselde rjochting de provinsjes. Den Haach docht de regio op ‘e nij geweld oan. Akkoart gean mei foarlizzende maatregels kin in gefaarlik presedint skeppe, omdat it Ryk dan tinkt ek yn de takomst maklik oer beswieren fan de provinsjes en gemeenten hinne stappe te kinnen. Litte wy dat samar gewurde?   

 

 

Dit artikel is earder publisearre as Te Gast yn de Ljouwerter Krante en as Opinystik yn it Friesch Dagblad, beide op 29 jannewaris 2013.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer