NIJS   05-02-2013


Knyppunt N359 De Lemmer gau oanpakke

Petear FNP Steatefraksje mei ûndernimmers Súdwesthoeke

 Sybren 2011 lyts  

SNITS - De rûnwei op 'e Lemmer moat mei faasje oanpakt wurde troch de Provinsje Fryslân. Undernimmers sitte te wachtsjen op in oplossing mei in akwadukt yn dizze tagongspoarte fan de Súdwesthoeke. Dat wie ien fan de útkomsten fan in petear yn Snits op 4 febrewaris tusken de FNP Steatefraksje en Fryske ûndernimmers ferienige yn VNO-NCW.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

De FNP politisy prate mei it bedriuwslibben yn it ramt fan it netwurk ‘Ondernemende Staten'. Steateleden en ûndernimmingen wurde dêrby mei elkoar yn kontakt brocht. It petear yn De Walrus levere tal fan saken op dêr't de Provinsje in bydrage leverje kin foar in goed ûndernimmersklimaat. Ynkoarten komme de plannen foar breedbân ynternet (glêsfezel) yn de Steaten. Ek sil der de kommende jierren noch folop ynvestearre wurde yn it Fryske Marreprojekt foar it wettertoerisme.

 

De FNP wol mei de ûndernimmers dat der mear dien wurdt oan isolaasje en sunige ynstallaasjes foar besteande wenningen. Dat kin op koarte termyn it breanedige wurk yn de bou en by de ynstallaasjebedriuwen opsmite. De ûndernimmers binne fierder troch de FNP útnoege om mei te tinken oer sinfolle maatskiplike ynvestearringen mei it Fryske NUON kapitaal. De partij is fan doel om mear fan sokke petearen mei it bedriuwslibben te organisearjen.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer