NIJS   09-05-2017


Corlienke de Jong: ‘Soad binnen helle foar FNP by Kadernota'

De Steatefraksje fan de FNP is dik tefreden oer de provinsjale Kadernota foar de Begrutting 2018 dy't hjoed presintearre is. In soad fan de punten dy't de FNP ynbrocht hat kinne no fersulvere wurde.

Fraksjefoarsitter Corlienke de Jong  neamt in grut tal foarstellen fan de FNP dêr't de provinsje oan meibetellet. ‘Tefreden binne wy dat de rûnwei Warns der no komme kin (1 mln), lyksa it fytspaad Leechlân Grou-Warten (0,8 mln). Us deputearre Johannes Kramer  kin oan de slach mei ekstra jild foar de greidefûgels (1,4 mln) en de gebietsûntwikkeling, de ‘plus op de Sintrale As' (2,5 mln). Ek is der op ús oanstean rekkening hâlden mei ekstra jild oant 2022 om it Iepenbier Ferfier yn Fryslân op peil te hâlden (3,7 mln per jier).'

 

Enerzjyneutraal

Op it mêd fan enerzjy is de FNP ek tige te sprekken oer de behelle 1 mln ekstra foar lokale duorsume enerzjyprojekten mei Duorsume Doarpen, en de saneamde ‘Fryske Deal' om mei in ympuls fan 3,5 mln op termyn 50.000 Fryske wenningen enerzjyneutraal te meitsjen.

Bliid ek is de fraksje mei it honorearjen fan in breed droegen útstel foar de transformaasje fan de fysike leefomjouwing (‘oanpak rotte kiezzen') yn de krimpgebieten (3 mln), en 1 mln foar de takomst fan Wetsus yn Ljouwert, in punt dat de FNP mei de VVD oandroegen hat.

 

Duorsume lânbou

Fierder noch saken op it mêd fan de FNP deputearre: 3 mln foar in fûns foar de transformaasje nei in duorsume lânbou en 1 mln foar it monumintale stedhûs fan Boalsert.

 

Neffens De Jong leit der mei dizze Kadernota, sa healwei de koalysjeperioade, in goede basis foar de begrutting fan 2018. ‘Der bliuwe fansels wol finansjele soarchpunten foar de takomst, lykas de guozzeskea, de djoere plannen foar de farwegen, de kultuerpartisipaasje en KH2018 of de oanpak fan de feangreideproblematyk. Mar oer it algemien liket it goed.'    

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer