NIJS   07-02-2013


Stjoert DB Wetterskip oan op noardlike fusy?

Skaalfergrutting yn striid mei belied Steaten

 Annigje Toering 2012 05  

It Deistich Bestjoer fan Wetterskip Fryslân stjoert oan op in fusy mei de oare wetterskippen yn Grinslân en Drinte yn 2020. Dat hat wetterskipsbestjoerder Aaltsje Rispens sein op in sprekbeurt fan it lânboukundich wurkferbân fan de Fryske Akademy. De FNP steatefraksje stelt fragen oer de kwestje, omdat soks hielendal tsjin it belied fan de Steaten yngean soe.

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Algemien Bestjoerlike saken en Feiligens

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

De FNP fernuveret him bot oer de útspraken fan frou Rispens. De Steatefraksje freget no oan it Kolleezje fan Deputearren wat der te rêden is. De Steaten stelle it belied fêst foar it Wetterskip. Der is hielendal gjin beslút of belied om it Wetterskip fusearje te litten. Krekt oarsom, seit  FNP wurdfierder Annigje Toering. De Steaten tinke dat it Wetterskip in optimale skaal hat omdat it wurkgebebied no al fierhinne gearfalt mei de provinsje Fryslân. ‘Deryn rinne wy krekt foarop yn Nederlân.'

 

De Steatefraksje fan de FNP wol witte wa't der belutsen binne by de plannen foar in Noardlik Wetterskip. De fraach is ek oft it Kolleezje fan DS op de hichte is. Wêrom binne de Steaten net op de hichte brocht fan dizze belangrike ôfwiking fan it belied, sa freget Toering har ôf. De posysje fan it Wetterskip hat koart lyn noch ûnderwerp west fan steatefragen en debatten. It Kolleezje fan DS wurdt no ferge op harren stânpunt. ‘As wy dit fan it Wetterskipsbestjoer witten hiene, hie it debat mooglik ek hiel oars ferrûn'



Downloads:
FNP skriftlike fragen noardlik Wetterskip
Antwurd op FNP fragen noardlik Wetterskip


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer