NIJS   05-03-2013


Wurkbesite ekonomy en kultuer Smellingerlân

Belang fan kluster technology en fernijde Lawei

De Steatefraksje hat okkerdeis op wurkbesite west by it Kolleezje fan B&M fan Smellingerlân.

 

Tema's fan de dei wiene it belang fan it technologykluster fan high-tech bedriuwen yn Drachten, de grutskalige fernijbou fan it sintrum en it Drachtsterfeartplan. Mei in rûnrit yn in bus waarden ek de ferskate ûnderwiisynstellingen, stêdeboukundige fernijingen en de griene omjouwing fan it haadplak besjoen.

 
 Wurkbesite Smellingerl n raadhuisplein  

 

By de bouput fan it Raadhuisplein wie der in libben petear fan de fraksje mei boargemaster Tjeerd van Bekkum,  de wethâlders Nieske Ketelaar en Ties Zweers en foarljochter Henry Frieswijk.

 
 

Doel is dat it saneamde Innovatie Cluster Drachten stipe fan de Provinsje Fryslân krijt. Foar in part is dat kompensaasje foar it skrassen fan de spoarline fan Hearrenfean fia Drachten nei Grins. De FNP stiet hjir fan herte efter om't dy bedriuwen lykas Philips,  Neopost en Kiestra meiinoar sa'n 30 persint fan alle banen mei in hegere oplieding yn Fryslân leverje. Goed foar de fernijing fan de ekonomy yn ús regio.

 

 

 
 Wurkbesite Smellingerl n De Lawei  

 

Yn de Lawei fertelden de amtners oer it Drachtsterfeartplan. Dernei wie der in presintaasje fan Lawei-direkteur Stef Avezaath oer harren takomstplannen en yntegraasje mei De Meldij. De besite waard ôfsluten mei in mienskiplike lunsj yn it teaterkafee.

 

 
   

De Steatefraksje hat yn dizze rige ‘ekonomyske' wurkbesites earder rûnom yn Fryslân praat mei ferskate bedriuwen, ûnderwiisynstellings en VNO/NCW. 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer