NIJS   11-03-2013


Ynternet fia satellyt yn Fryslân

Gau flugge ferbining yn it bûtengebiet

 Sybren 2011 lyts  

Kommende woansdei hâldt de FNP yn gearwurking mei it bedriuw Astra Benelux in presintaasje fan ynternet fia de satellyt. De FNP sjocht grutte mooglikheden om yn it bûtengebiet fan Fryslân húshâldens en bedriuwen te foarsjen fan fluch ynternet fia de satellyt. Dat kin relatyf goedkeap, gau, mei goede ferbinings en sûnder gefaarlike strieling.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Breedbân Ynternet 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

De FNP hat him yn it ûnderwerp ferdjippe en begrepen dat jo tsjintwurdich al in snelheid helje kinne fan 20MB per sekonde by satellyt-ynternet. Dat is folle flotter as wat minsken no hawwe op it plattelân (2 oant 8 MB). De oanliskosten binne sawat € 500 per oansluting. Dat is folle goedkeaper as de berekkene kosten fan € 3200 oant € 7000 per oansluting foar oare alternativen yn it bûtengebiet. As jo prate oer 10% fan it saneamde ‘wite gebiet' fan 33.000 adressen yn de provinsje Fryslân sparret de FNP dêrmei € 9 miljoen út.

 

Fierder is breedbân fia satellyt frij fan gefaarlike strieling omdat je direkt kontakt hawwe tusken satellyt en skûtel en de fierdere ferbinings yn ‘e hûs fia kabel dien wurde kinne. It kin ek hiel flot realisearre wurde: binnen in pear moanne kinne alle 3.000 adressen yn it bûtengebiet flot ynternet hawwe.   

 

De partij tinkt der oer om yn de steategearkomste fan 20 maart mei in moasje te kommen om op 20 adressen yn Fryslân op koarte termyn mei in proef te begjinnen om te testen hoe't ynternet fia de satellyt wurket. It is no fan belang dat men in idee krijt hoe't it wurket sadat se in oardiel foarmje kinne.

 

De presintaasje is kommende woansdei (13 maart) fan 09.30 oant 10.30 yn it kafee ‘Wapen fan Baarderadeel' yn Jorwert. Dêr sil Astra earst in algemiene ynlieding hâlde oer ynternet fia de satellyt en dêrnei wurdt sjen litten hoe't dat yn de praktyk wurket. De lokaasje Jorwert is keazen omdat dat doarp no noch gjin glêsfezel hat, in grut bûtengebiet hat en de ynternetsnelheid dêrom noch folle better kin. Foar de presintaasje wurde alle steateleden, oare belangstellenden en de parse útnoege.      



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer