NIJS   18-03-2013


FNP: Plannen gemaal Holwert sa gau mooglik trochrekkenje

Kombinaasje mei superfeilige seedyk en rekreaasje slút oan by provinsjale doelen

visser 1   

De Provinsje moat it plan foar in nij gemaal by Holwert foar it ein fan dit jier trochrekkenje. Dêrby sil foaral sjoen wurde moatte nei de mooglikheid om yn Noard East Fryslân in konsept te ûntwikkeljen foar superfeilige seediken. Yn it ramt fan it Deltaprogramma wurde dêr op dit stuit al ideeën foar útwurke. Dat stelt de FNP yn fragen oan deputearre Schokker. Oanlieding is it brief dat it Wetterskip oan Deputearre Steaten stjoerd hat oer benutting fan it NUON-jild.

 

Jan Visser

FNP wurdfierder Wetter en Romtlike Oardering

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

De FNP freget ek nei fergelykbere plannen dy't yn de jierren '90 alris presintearre binne. De partij wol ek witte wat it nije idee fan it Wetterskip betsjut foar de plannen foar in gemaal by Lauwerseach en by de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns.

 

It Wetterskip stelt út om de plannen foar in nij gemaal by Holwert te kombinearjen mei rekreative ûntwikkelings. Ek soe der jild útlutsen wurde moatte foar in unike proef mei de oanlis fan in superfeilige seedyk by de Waadkust del. Omdat de ûnderfinings yn Fryslân dan lanlik tapast wurde kinne, soe der mear Ryksjild beskikber komme kinne. FNP wurdfierder Jan Visser tinkt dat sokke projekten mear kâns fan slagjen hawwe at alles yntegraal trochrekkene wurdt. Hy stelt dat it idee fan it Wetterskip perfekt oanslút by oare provinsjale doelen.



Downloads:
Brief Wetterskip oer nuon-jild
FNP skriftlike fragen gemalen en waadkustprojekten
Antwurd op FNP fragen projekten holwert


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer