NIJS   21-03-2013


Steaten 20 maart: alle útstellen FNP oannommen

Nije IIshal Ljouwert, feiligens seediken en breedbân ynternet

 Annigje Toering 2012 05  

De lêste gearkomste fan de Steaten wie aardich súksesfol foar de FNP. Al ús amendeminten en moasjes waarden oannommen of oernommen troch it Kolleezje. Neffens fraksjefoarsitter Annigje Toering fielt de fraksje hjirmei goed oan wat polityk helber is yn it hjoeddeistige politike klimaat. ‘It giet der om oan de iene kant it FNP lûd goed hearre te litten en oan de oare kant ek echt wat te beskreppen dêr't de minsken yn Fryslân wat oan hawwe.'

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter FNP Steatefraksje

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

IIshal Ljouwert

De IIshal fan Ljouwert is al jierren in grut sportyf súksesnûmer foar jong en âld út út in grut part fan Fryslân. Yn 2015 moat de iisbaan ticht en dus perfoarst ferfongen wurde. De FNP fynt de funksje foar de breedtesport tige fan belang. De fraksje stimde dêrom fan herte yn mei it takennen fan in subsydzje fan € 10 mln oan de gemeente Ljouwert om in nije IIshal del te setten by it WTC. Amendeminten fan FNP, PvdA en CDA om dúdlik te meitsjen dat it giet om breedtesport en net om konkurrinsje fan de wedstriidbaan op Thialf krigen brede stipe.

 

Klik hjir nei de ynbring fan Annigje Toering oer de IIshal

 

 

Feiligens seediken

 

visser 1   

In wichtich FNP-punt wie de bestjoerlike konsultaasje oer it Deltaprogramma fan it Ryk. Jan Visser hat der nochris foar pleite dat de ynwenners fan Fryslân net minder feilich wenje kinne as dy fan de Rânestêd. It prinsipe fan solidariteit tusken de regio's as it giet om feiligens en de kosten fan de seediken hat by de FNP altyd foarop stien. In moasje dy't it Ryk opropt om eardere tasizzingen ditoangeande nei te kommen krige hast steatebrede stipe. Allinnich Grienlinks is sa't it liket fan it solidariteitsprinsipe ôfstapt.

 

Jan Visser, FNP wurdfierder Wetter en Romtlike Oardering

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

Klik hjir nei de ynbring fan Jan Visser oer it Deltaprogramma

 

 

Breedbân Ynternet

 

 Sybren 2011 lyts  

Nei in soad publisiteit yn it foar troch en nei de FNP kaam no it breedbânplan yn PS. Wy kinne der koart oer wêze: alle winsken fan de FNP binne troch moasjes fan ússels of oare partijen oernommen troch it Kolleezje. De belangrykste eask fan de Steaten wie om no faasje te meitsjen. Der komt in nije projektlieder en nei de simmer moat der in ynvestearingsplan lizze.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Breedbân Ynternet 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

De netto kosten foar in húshâlding yn it bûtengebiet meie net heger wêze as yn de stêd. Der komme proeven mei ferskate (triedleaze) techniken (wifi, satellyt, G4) foar de saneamde wite gebieten(10%). Sa kinne wy ek yn it bûtengebiet gau in grutte slach meitsje. Ek sil der alle romte jûn wurde oan besteande lokale inisjativen mei breedbân ynternet lykas yn Dongeradiel, Skarsterlân en Achtkarspelen.

 

Klik hjir nei de ynbring fan Sybren Posthumus oer breedbân ynternet

 



Downloads:
Ynbring annigje toering iishal ljouwert
Ynbring jan visser konsultaasje deltaprogramma
Ynbring sybren posthumus breedban ynternet


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer