NIJS   28-03-2013


Noardlike 'shared services' giet net troch

Undersyk: Opstapke nei noardlik lânsdiel kostet allinnich mar jild

Johannes 2011 lyts   

'Op saaklike grûnen hat it Kolleezje besletten gjin Noardlike 'shared services' op te setten.' 

 

Johannes Kramer

FNP Deputearre, portfúljehâlder Bedriuwsfiering

 

Reaksje? Mail j.kramerfryslan.nl

 

It Kolleezje fan Deputearre Steaten, mei Johannes Kramer as ferantwurdlik deputearre foar de bedriuwsfiering fan de Provinsje, hat op saaklike grûnen besletten om net fierder te gean mei de plannen foar in Shared Service Centre mei de oare noardlike provinsjes. Dat is meidield yn in brief oan de Steaten. Der hat in wiidweidich organisatoarysk en finansjeel ûndersyk west. Dêrút hat bliken dien dat it gearfoegjen fan amtlike tsjinsten yn ien fasilitêr gearwurkingssintrum foar Fryslân, Grinslân en Drinte net út kin. Der moatte earst miljoenen yn stutsen wurde en it is perfoarst net wis dat soks letter werom fertsjinne wurdt. It plan soe boppedat de amtlike organisaasjes bot oeral helje. De Kolleezjes hawwe no meielkoar de knoop trochhakt en fêststeld dat der gjin breed bestjoerlik draachflak is om troch te gean.

 

Earder wie der al fûl ferset út de Steaten fan Fryslân wei tsjin it opsetten fan dy shared services, de FNP foarop. It soe betsjutte dat tsientallen banen út Fryslân ferdwine soenen by stypjende amtlike ôfdielings lykas de printerij, juridyske saken, ynkeap en P&O. Ek soe dy fiergeande amtlike gearwurking in opstapke wêze nei in noardlik lânsdiel. De kommende tiid sil noch al besjoen wurde hoe't gearwurking yn Fryslân sels foardielen opsmite kin. Tink oan de nij op te setten mienskiplike útfieringstsjinst foar miljeusaken. Op oanstean fan de Ljouwerter gemeenteried wurdt ek besjoen hoe't oerheidsorganisaasjes yn de stêd Ljouwert jild besparje kinne. Dêr wurdt ek it Wetterskip by belutsen.

 



Downloads:
Brief ds noardlike gearwurking


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer