NIJS   11-05-2017


Minder rompslomp foar subsydzjes biologyske lânbou

De biologyske en grûnbûne lânbou moat net minder kâns meitsje op Europeeske subsyzjes as ‘gongbere' oanfragen, sa stelt de FNP. De Steatefraksje hat oanwizingen dat dit net goed rint mei de saneamde POP-3 jilden fia it SNN. De fraksje wol middels skriftlike fragen opheldering fan deputearre Kramer.

Steatelid Wopke Veenstra wiist op de klachten dy't der út de agraryske sektor komme oer de ‘tige stroeve' prosedueres fan POP-3. Boeren of organisaasjes dy't ôfwiisd wurde kinne net goed sjen wêrom at se gjin jild krije. ‘It byld ûntstiet no dat de biologyske, grûnbûne en natuerynklusive lânbou oan de krappere ein komt neffens de ‘gongbere lânbou'. Veenstra wol sifers sjen dy't dit ûnderbouwe of ûntkrêftsje kinne.

 

De FNP wol yn it foarste plak witte oft it wier is dat ‘biologyske' oanfragen folle faker ôfwiisd wurde. De wurdfierder freget ek hokker bedraggen der mei de oannommen en ôfwiisde projekten anneks binne. Fierder wol hy ynsjoch yn de motivaasje fan de ôfwizingen. Kloppet it dat biologyske boeren faker te hearren krije dat hja ‘net ynnovatyf' genôch binne? De FNP wol graach dat de deputearre soarget dat de POP-3 regeling yn de takomst ynhâldlik better ôfstimd wurdt op it provinsjale lânboubelied. ‘Dus graach mear omtinken foar biologyske, grûnbûne en natuerynklusive lânbou.'

 



Downloads:
FNP skriftlike fragen pop-3 biologyske lânbou
Antwurd op FNP fragen pop-3 biologyske lânbou
Brief ds útfiering FNP moasje fergriening provinsjale pachtgrûn


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer