NIJS   22-04-2013


Rol foar Provinsje by Fryske Befrijingsdei

Belutsenheid takomstige generaasjes by tema Frijheid

 Annigje Toering 2012 05  

 

 

De FNP stelt yn de Steategearkomste fan 24 april mûnlinge fragen oan Deputearre Steaten oer de Fryske Befrijjingsdei. Wol it Kolleezje ek in rol spylje om fan 15 april in provinsjebrede aktiviteit mei mear útstrieling te meitsjen? Neffens de FNP is dat fan belang om de belutsenheid fan takomstige generaasjes by it tema Frijheid / betinking / Twadde Wrâldoarloch te behâlden.

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Algemien Bestjoerlike Saken en Feiligens

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

Oanlieding foar de fragen binne de de ideeën fan ferskate organisaasjes lykas it Frysk Fersetsmuseum, it Kazemattemuseum en pleatslike betinkingskomité's, om de Fryske Befrijingsdei op 15 april tenei mear sintraal te organisearjen. De Fryske jeugd fielt him ek belutsen en jout oan hjir wat mei te wollen.

 

Neffens de FNP is dat net allinnich goed foar it kasjet fan de aktiviteiten, mar ek fan belang om de organisatoaryske kontinuïteit foar de takomst goed te boargjen. Aktivititeiten binne no ferspraat oer de pleatslike komité's en ferskate organisaasjes.

 

It liket de FNP in goed útstel fan de direkteur fan it Frysk Fersetsmuseum om mei in mear provinsjale opset te begjinnen oer twa jier. Dan is it 70 jier lyn dat Fryslân troch de Kanadezen befrijd waard. De fraksje stelt dêrom de fraach hokker rol de Provinsje hjiryn spylje kin.

 



Downloads:
FNP mûnlinge fragen fryske befrijingsdei


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer